Johannes Dirks Baarda

Ut Wikipedy
Johannes Baarda

Johannes Dirks Baarda ( Ljouwert , 26 oktober 1836 - Feanwalden , 23 juny 1903 ) wie in notarisklerk en skriuwer.

Baarda waard berne yn Hotel Phoenix yn Ljouwert, by syn pake en beppe, mar waard grut brocht by syn omke yn Jirnsum nei't beppe yn 1839 stoarn wie. Omke ornearre him foar it notariaat; hy is notarisklerk wurden. Earst wenne er yn Damwald en doe yn Mitselwier . 12 maaie 1878 ferhuze er nei Feanwalden, der't er op kantoar kaam by Mr. van Kleffens, en boaske oan Dieuwke Willems Kuipers fan Hantumhuzen . Hy waard in ful drankbestrider.

Baarda skreau proaza en poezy mei in liberaal-satiryske strekking yn tydskriften: Fryske Husfrjeon (1858-66), Bijekoer (1859-65), Iduna (1861-64) en Swanneblommen (1860-63); en yn kranten: it wykbled Kanton Bergum (1881) en it Friesch Volksblad (1877-78). Mei J. G. de Vries ut Ikkerwald makke er it drankbestridersjierboekje 'De Folkfrieun' (Boalsert, 1862 en Dokkum, 1864).

Hy publisearre under de skulnammen Simen Aukes en Johannes.

Wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • In profeet yn sin eigen lan , novelle - 1863
  • Goede voornemens , toanielstik (Amsterdam 1878)
  • In lyts forsin , blyspul mei sang, (De Jouwer) - 1880
  • In fers fan Baarda is op muzyk set en komt foar yn it Ny Frysk Lieteboek (It Hearrenfean 1886).

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.) , Encyclopedie van Friesland , Amsterdam: Elsevier 1958, Johannes Dirks Baarda .