Johan Fabricius

Ut Wikipedy
Johan Fabricius
skriuwer
Fabricius (rj.) oan it Pavia-front yn 'e Earste Wrâldoarloch (1915).
Fabricius (rj.) oan it Pavia-front yn 'e Earste Wraldoarloch ( 1915 ).
persoanlike bysunderheden
echte namme Johan Johannes Fabricius
nasjonaliteit Nederlansk
berne 24 augustus 1899
berteplak Bandung ( Nederlansk-Ynje )
stoarn 21 juny 1981
stjerplak Glimmen ( Grinslan )
etnisiteit Nederlansk
reg. identiteit Nedersaksysk
wurk
taal Nederlansk
sjenre lit. romans & koarte ferhalen ,
berneboeken , reisferhalen
bekendste
  wurk(en)
De Scheepsjongens van
   Bontekoe

Het Meisje met de Blauwe Hoed
jierren aktyf 1922 ? 1982
offisjele webside
n.f.t.

Johan Fabricius (folut: Johan Johannes Fabricius ; Bandung , 24 augustus 1899 ? Glimmen , 21 juny 1981 ) wie in Nederlansk skriuwer , yllustrator , boekbanuntwerper foar in tal fan syn eigen utjeften , sjoernalist en aventoersman . Hy waard benammen bekend troch syn histoaryske jongesboek De Scheepsjongens van Bontekoe , ut 1924 , dat withoefolle kearen werprinte waard. Fabricius skreau yn totaal 99 boeken en gou as in rasferteller.

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jonkheid en oplieding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fabricius waard yn 1899 yn Bandung , yn Nederlansk-Ynje , berne as de soan fan 'e dichter en toanielskriuwer Jan Fabricius . As sadanich wied er in Nedersakser fan Drintsk komof . Hy brocht syn jonkheid troch yn Nederlansk-Ynje, oant er yn 1914 , doe't er 15 jier wie, oerkaam nei Nederlan . Hy studearre in jier oan 'e keunstakademy yn De Haach foar't er him yn 1915 , under de Earste Wraldoarloch , oanmelde by it leger fan Eastenryk-Hongarije , om inkele moannen lang as Kriegsmaler (oarlochsskilder) te fungearjen oan it Pavia-front yn wat no noardlik Itaalje is. Yn dy tiid makke er in tekenreportaazje oer it libben oan it front. Letter soed er ek it boek De Oorlog van de Kleine Paardjes skriuwe oer syn underfinings dere.

Priveelibben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 1925 troude Fabricius mei Ruth Freudenberg, mei wa't er twa soannen en in dochter krige. Nei't er yn 1968 widner wurden wie, wertroude er mei Anna Corneilia Bleeker.

Karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fabricius skreau yn totaal 99 boeken, werunder ek in soad jeugdboeken . Syn debutroman wie Eiko van den Reigerhof , ut 1922 . Syn bekendste wurk wie it jongesboek De Scheepsjongens van Bontekoe , ut 1924 , dat withoe faak werprinte wurde moast om oan 'e fraach fan 'e lezers te foldwaan. De legerroman Het Meisje met de Blauwe Hoed , ut 1927 , waard yn 1934 ferfilme . Oare bekende wurken fan Fabricius wiene De Wonderbaarlijke Avonturen van Bartje Kokliko , dat yn trije dielen utkaam fan 1930 oant 1931 , Komedianten Trokken Voorbij ( 1931 ), De Grote Geus ( 1949 ) en Gordel van Smaragd ( 1953 ). As kommersjele opdracht fan 'e Nederlandsche Olie Fabrieken (N.O.F.) Calve - Delft skreau en yllustrearre Fabricius ek de reklamerige De Wondere Avonturen van Arretje Nof ( 1926 - 1927 ). Fierders fungearre er ek as yllustrator fan syn oare wurk en untwurp er sels gauris de omslaggen fan syn boeken.

Oan it begjin fan 'e Dutske besetting fan Nederlan yn 'e Twadde Wraldoarloch slagge it Fabricius yn 1940 om as Ingelanfarder ut te wiken nei it Feriene Keninkryk . Der wied er under de oarloch aktyf as nijslezer en kommentator by de BBC Dutch Service . Nei de oarloch wurke er yn 1945 as korrespondint foar de BBC en de krante The Times yn Aazje . Sa fersloech er dere u.m. de Earste Polisjonele Aksje yn Nederlansk-Ynje . Fia in grutte omwei kearde er uteinlik nei it Feriene Keninkryk werom, der't er oant 1956 wenjen bleau ear't er him wer yn Nederlan festige.

Hoewol't Fabricius syn wurk fan foar de Twadde Wraldoarloch as it hichtepunt fan syn oeuvre jildt, ferskynden ek yn 'e 1950-er jierren noch ynkringende, tige goed dokumintearre romans as De Heilige Paarden , oer de yn Jeropa frijwol unbekende wrald fan it Nederlansk-Yndyske (en letter Yndonezyske ) eilan Sumba . Yn 1961 ferbleau Fabricius in skoft op Kurasau , yn 'e Nederlanske Antillen , der't er lezings fersoarge under de jierlikse boekewike . Oer dat eilan skreau er de roman Het Geheim van het Oude Landhuis , dy't yn 1965 utkaam, en de ferhalebondel Onder de Hete Caraibische Zon , ut 1970 .

Yn 1963 ferskynde fan Fabricius fierders noch de roman Jongensspel , der't er ta ynspirearre waard troch de Baarnske moardsaak , dy't spile yn 1960 - 1963 . Yn 'e 1970-er jierren folgen fan Fabricius fierders noch de roman Toontje Poland , ferskate wurken dy't weromgriepen op syn tiid yn Nederlansk-Ynje, en it autobiografyske Memoires ( 1980 ). Behalven fiksjewurken wie Fabricius ek auteur fan ferskate reisferhaleboeken , lykas Een Reis door het Nieuwe Indonesie ( 1973 ) en Gringo ( 1976 ), oer in reis op 'e rivier de Paraguay , yn Sud-Amearika .

Ferstjerren [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Johan Fabricius kaam yn juny 1981 yn it Grinslanske Glimmen te ferstjerren yn 'e alderdom fan 81 jier. Hy waard deun derby begroeven op it Nederlansk-Herfoarme Begraafplak oan 'e Pollseweg yn Noardlaren .

Wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

boeken
  • 1922 ? Eiko van den Reigerhof
  • 1923 ? Hansje Bluf, of: Het Zangersfeest van Koning Langelip
  • 1924 ? De Scheepsjongens van Bontekoe (yn 2011 kaam de 33e printinge ut)
  • 1925 ? Hans de Klokkeluider, of: De Duivel in de Toren
  • 1925 ? Nagtegael
  • 1927 ? Het Meisje met de Blauwe Hoed ( werutjun yn 1949, ferfilme yn 1934, en dramatisearre foar de tillefyzje yn 1972)
  • 1928 ? Charlottes Grote Reis (werutjun yn 1930)
  • 1926-1927 ? De Wondere Avonturen van Arretje Nof (5 dielen, yn opdracht fan 'e Nederlandsche Olie Fabrieken (N.O.F.))
  • 1929 ? Mario Ferraro's IJdele Liefde
  • 1930-1931 ? De Wonderbaarlijke Avonturen van Bartje Kokliko (3 dielen; utjefte: Van Nelle , Rotterdam)
  • 1931 ? Komedianten Trokken Voorbij
  • 1931 ? Venetiaans Avontuur
  • 1932 ? Melodie der Verten (werutjun yn 1934)
  • 1933 ? Marietta
  • 1934 ? De Dans om de Galg
  • 1934 ? Leeuwen Hongeren in Napels
  • 1938 ? Kasteel in Karinthie
  • 1938 ? De Koning Gaat Voor
  • 1938 ? Groote Heren
  • 1941 ? Eiland der Demonen
  • 1942 ? A Malayan Tragedy
  • 1944 ? Nacht over Java
  • 1945 ? De Kraton
  • 1947 ? Hoe Ik Indie Terugvond
  • 1947 ? Halfbloed
  • 1948 ? Hotel Vesuvius
  • 1949 ? De Grote Geus
  • 1949 ? Brandende Aarde
  • 1950 ? Flipje
  • 1951 ? Mijn Huis Staat achter de Kim
  • 1952 ? Een Wereld in Beroering
  • 1952 ? De Ontvoering van Europa
  • 1952 ? Langs de Leie
  • 1953 ? Gordel van Smaragd
  • 1953 ? De Nertsmantel
  • 1954 ? Het Duistere Bloed
  • 1954 ? Toernooi met de Dood
  • 1955 ? Nacht zonder Zegen
  • 1956 ? Setoewo, de Tijger
  • 1957 ? Luie Stoel
  • 1958 ? Schimmenspel
  • 1958 ? Het Roverseiland in de Perzische Zee
  • 1958 ? Barrebart, de Wildeman uit de Bergen
  • 1959 ? De Vrolijke Bruiloft van Arretje en Annetje
  • 1959 ? De Heilige Paarden
  • 1960 ? Ballade van de Zeeman Joris Breebaert
  • 1960 ? Ballade van de Zilverreiger
  • 1961 ? Mijn Rosalia
  • 1962 ? Dromen Is Ook Leven
  • 1963 ? Jongensspel
  • 1963 ? Herinneringen van een Oude Pruik
  • 1964 ? Hopheisa, in Regen en Wind
  • 1964 ? Wat U Nodig Hebt, Mevrouw, Is een Vriend
  • 1965 ? Het Geheim van het Oude Landhuis
  • 1965 ? Dag, Leidseplein (werutjun yn 1968)
  • 1966 ? Weet Je Nog, Yoshi?
  • 1966 ? De Avonturen van Jantje en Zijn Vrienden Koko en Sebastiaan
  • 1967 ? Heintje Heeft Kabouters op Zolder
  • 1968 ? Heintje en het Geheim van het Houten Paard Joris
  • 1968 ? Het Water Weet van Niets
  • 1968 ? Wij, Tz’e Hsi, Keizerin van China
  • 1969 ? Wittebroodsweken met Mama
  • 1969 ? Voorrijden, Mevrouw?
  • 1969 ? Heintje Speelt voor Leeuw
  • 1970 ? Heintje Bouwt een Huis voor Sinterklaas
  • 1970 ? Onder de Hete Caraibische Zon ( ferhalebondel )
  • 1970 ? De Kop van Jut
  • 1971 ? Met Klein Orkest
  • 1971 ? De Paradijsklok
  • 1971 ? Goldoni
  • 1972 ? Partnerruil Niet Uitgesloten
  • 1972 ? Hannekes Bruiloft
  • 1972 ? Shock-therapie
  • 1973 ? Carlinho, Mijn Kleinzoon
  • 1973 ? Een Reis door het Nieuwe Indonesie
  • 1974 ? Achter in de Molukken
  • 1974 ? Het Portret
  • 1974 ? Het Gordijn met de Ibissen
  • 1975 ? Barcarolle
  • 1975 ? Hendrik Jacobus Jut, of: De Dubbele Moord aan de Bogt van Guinea
  • 1975 ? De Oorlog van de Kleine Paardjes
  • 1975 ? De Wijze Goeroes van Benares
  • 1976 ? Er Zijn Geen Echte Gekken Meer op Capri
  • 1977 ? Toontje Poland
  • 1977 ? Dipanegara
  • 1976 ? Gringo (oer syn reis op 'e rivier de Paraguay yn 1922 )
  • 1978 ? De Schreeuw van de Witte Kakatoe
  • 1978 ? Spelevaren met een Sultan
  • 1978 ? Toontje Poland onder de Tropenzon
  • 1979 ? De Zwaluwen van Klapanoenggal
  • 1979 ? Brieven uit een Djatihouten Kist
  • 1979 ? De Hoed met de Struisveer, of: Hoe Mijn Moeder in 1894 als 'Handschoentje' naar Indie Reisde
  • 1980 ? Het Beest uit de Zee
  • 1980 ? Memoires ( autobiografy )
  • 1980 ? Als Vogelen uit de Hemel...
  • 1981 ? Het Zilveren Theeservies
  • 1981 ? De Bruiden in het Bad en Andere Duistere Daden (ferhalebondel)
  • 1981 ? De Brug over de Dordogne
  • 1982 ? De Put achter de Kembang Sepatoe
langspylplaten
  • 1974 ? Oud-Indie: Sprookjes en Verhalen door Johan Fabricius

Prizen en nominaasjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

jier priis resultaat kategory foar
1932 C.W. van der Hoogtpriis wun n.f.t. oeuvre
1957 Kogge-earering [1] wun n.f.t. oeuvre

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. List fan dragers fan de Kogge-earering

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Bronnen, noten en/of referenties , op dizze side .