Jo Daan

Ut Wikipedy
Jo Daan
skriuwer
persoanlike bysunderheden
echte namme Jo Daan
nasjonaliteit Nederlansk
berne 12 maaie 1910
berteplak Krommenie ( Noard-Hollan )
stoarn 11 juny 2006
stjerplak Dimter ( Oerisel )
etnisiteit Nederlansk
wurk
taal Nederlansk
sjenre non-fiksje ( taalkunde ) , kollumns
perioade 2e helte 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
Wieringer Land en Leven in
   de Taal
jierren aktyf 1948 ? 2006
offisjele webside
www.meertens.knaw.nl/jo_daan

Jo Daan ( Krommenie , 12 maaie 1910 ? Dimter , 11 juny 2006 ) wie in Nederlansk taalkundige , letterkundige , publisiste en kollumniste , dy't u.m. wichtich wurk ferrjochte op it med fan 'e beskriuwing fan en it undersyk nei de underskate Westfryske dialekten . Hja untjoech har ta ien fan 'e bekendste Nederlanske taalkundigen fan 'e tweintichste iuw . Har omtinken foar de metoadology en ynnovaasjes op it med fan 'e dialektology wurde tsjintwurdich as har grutste fertsjinste beskoge.

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Daan learde nei it ofrunjen fan 'e middelbere skoalle fierder oan 'e Universiteit fan Amsterdam , der't se Nederlanske taal- en letterkunde studearre. Dat wie yn in tiid dat froulju noch mar selden wat oars waarden as ferpleechster of skoaljuffer , en dat in froulike studinte oan 'e universiteit noch opsjen joech. Nei har ofstudearjen, yn 1936 , rekke se behelle yn it befolkingsundersyk nei de taalkundige tastan yn 'e Wieringermarpolder , dy't yn 1930 krekt druchlein wie. Sa kaam Daan yn 'e kunde mei de foaroansteande taalkundige Piet Meertens , dy't har yn 1939 oanstelde by it Dialekteburo, dat under har lieding utgroeie soe ta de ofdieling dialektology fan wat uteinlik it Meertens Ynstitut komme soe te hjitten.

Yn 1950 promovearre Daan op Wieringer Land en Leven in de Taal , in studzje nei it Wieringsk , it dialekt fan it eardere eilan Wieringen . Deryn bestege se ek runom oandacht oan 'e skiednis en de folkskultuer fan dat gebiet. Letter die se ek undersyk nei u.m. it Lanwestfryske stedsdialekt fan Hoarn , it Westfrysk yn 'e bredere sin, en oerienkomsten fan en ferskillen tusken it Westfrysk, it Frysk en it Nederlansk . Fan 1960 oant 1970 makke se fierders diel ut fan 'e redaksje fan it jierboek fan it Westfries Genootschap .

Daan gie hiel fernijend te wurk. Sa sette se as earste Nederlanske taalkundige utein mei it opnimmen fan 'e taal fan dialektsprekkers op in banrekorder , sadat de gegevens fan doe bewarre bleaun binne foar hjoeddeistige undersikers. Ek krige se as ien fan 'e earsten yn Nederlan omtinken foar it wurk fan 'e Amerikaan William Labov , de grunlizzer fan 'e moderne sosjolinguistyk . Daan publisearre ferskate boeken en skreau withoefolle artikels. Oan alle wichtige taal atlassen fan it Nederlansk taalgebiet levere hja in bydrage. Nei har dea waard har troch guon eardere meiwurkers, lykas dialektolooch Jan Stroop , alle lof taswaaid, mar in oare eardere kollega, J.J. Voskuil , sketste yn syn foar in diel autobiografyske romansyklus Het Bureau in minder flaaikjend byld fan har.

Nei't se yn 1975 mei pinsjoen gien wie, sette Daan har nei wenjen yn Barchem , yn 'e Achterhoeke . Oan har dea ta wie hja nau belutsen by de dialektology yn it algemien en it Meertens Ynstitut yn 't bysunder. Daan stoar yn 2006 , yn 'e alderdom fan 96 jier.

Wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

selsstannige utjeften
  • 1948 ? Hij Zeit Wat: Grepen uit de Amsterdanse Volkstaal
  • 1950 ? Wieringer Land en Leven in de Taal ( proefskrift )
  • 1963 ? Bredero: Klucht van de Koe
  • 1963 ? Toelichting bij de Taalatlas (mei Piet Meertens )
  • 1965 ? Het Poesiealbum
  • 1969 ? Van Randstad tot Landrand (mei D. Blok )
  • 1971 ? G.A. Bredero's Kluchten
  • 1985 ? Onze Veranderende Taal (mei Kas Deprez , Roeland van Hout en Jan Stroop )
  • 1987 ? Ik Was te Bissie: Nederlanders en Hun Taal in de Verenigde Staten
  • 1988 ? De Taal van Aafje Gijsen als Bron van het Achttiende-eeuws
  • 1990 ? Urk: Het Dialect van Urk (red.)
  • 1990 ? Urk: Woordenlijst van Urk (red.)
  • 2000 ? Geschiedenis van de Dialectgeografie in het Nederlandse Taalgebied, Rondom Kloeke en het Dialectenbureau
artikels en kollems

foar in folsleine list mei al Jo Daan har artikels en kollems, sjoch op dizze side

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: