Jan Hendrik Gerrit van Wijhe
(
Kampen
,
24 maaie
1910
?
8 july
1987
) wie in Nederlansk politikus fan de
ARP
.
Hy waard berne as soan fan sigaremakker Evert van Wijhe (1886-1941) en Dirkje van den Brink. Hy troude yn 1937 mei Bertha Jacoba Schakel; in dochter fan Dirk Leendert Schakel dy't ien fan de oprjochters fan it (motor)fytsfabryk
Sparta
wie. Jan van Wijhe wie finansjeel-ekonomysk adviseur fan bedriuwen ear't er yn septimber 1964 beneamd waard ta
boargemaster
fan
Eastdongeradiel
as opfolger fan
Frans Sijtsma
. Ein 1972 gie er mei sykteferlof en yn 1973 waard er ofkard en gie er mei betiid pensjoen. Van Wijhe stoar yn 1987, hy waard 77 jier.
Hy waard as boargemaster fan Eastdongeraiel opfolge troch
R.W. Dijktsra
.