한국   대만   중국   일본 
Jan Voerman jr. - Wikipedy Springe nei ynhald

Jan Voerman jr.

Ut Wikipedy
Jan Voerman jr.

Jan Voerman jr. ( Hattem , 23 jannewaris 1890 - Blaricum , 13 juny 1976 ) wie in Nederlanske tekener , keunstskilder , yllustrator en litograaf .

Libben en wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jan Voerman wie in soan fan de skilder Jan Voerman sr (1857-1941). Syn earste underjocht yn it skilderjen krige er fan syn heit.
Yn 1905 krige Voerman jr. syn earste offisjele opdracht fan syn pake Verkade , fan it koekefabryk mei deselde namme, om tekeningen foar in natueralbum te meitsjen. Hy arbeide derby op mei de skriuwer Jac. P. Thijsse en mei under oaren de byldzjende keunstners Ludwig Wenckebach , Jan van Oort en Henricus Rol oan 27 Verkade-albums . Troch it utbrekken fan de Twadde Wraldoarloch kaam der in ein oan. [1]

Voerman jr. folge opliedingen oan de Ryksakademy fan byldzjende keunsten yn Amsterdam en oan de Keninklike Akademy fan Byldzjende Keunsten yn De Haach. Yn 1923 troude er mei Hetty Mansholt en ferhuze nei Overveen der't er bekend wurden is as litograaf. Yn 1932 sette er him nei wenjen yn Blaricum . Voerman waard yn 1975 beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau . Hy stoar yn juny 1976 yn de aldens fan 86 jier.

Ferskate wurken fan him hearre ta de kolleksje fan it Voerman Museum Hattem .

Literatuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Rita van der Hout , "Jan Voerman junior: uit de schaduw van de IJsselschilder", Swolle, 2001

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Wenckebach en Van Oort wienen doe al stoarn, Wenckebach yn 1937 en Van Oort yn 1938