한국   대만   중국   일본 
Jan Pol - Wikipedy Springe nei ynhald

Jan Pol

Ut Wikipedy
Jan Pol
persoanlike bysunderheden
echte namme Jan Pol
nasjonaliteit Nederlansk
Amerikaansk
berne 4 septimber 1942
berteplak Wateren ( Drinte )
etnisiteit Nederlansk
reg. identiteit Nedersaksysk
wurkpaad
berop/amt bistedokter
jierren aktyf 1970 ? no
reden
  bekendheid
haadpersoan yn realitysearje
    The Incredible Dr. Pol

Jan Pol ( Wateren , 4 septimber 1942 ) is in Nederlansk - Amerikaansk bistedokter , dy't ferneamd wurden is troch syn haadrol yn it realitytillefyzjeprogramma The Incredible Dr. Pol , dat utstjoerd wurdt troch it National Geographic Channel . Hy is dertroch tige populer wurden en is no yn 'e Feriene Steaten nei alle gedachten de bekendste persoan fan Nederlansk komof.

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Pol waard yn 1942 berne yn it Drintske Wateren , en groeide der op as soan fan in feehalder . Hy learde letter foar bistedokter en studearre yn 1970 of oan 'e Ryksuniversiteit Utert . Koarte tiid letter emigrearre er fanwegen syn houlik , yn 1967 , mei de Amerikaanske Diane nei de Feriene Steaten . Der setten Pol en de frou har nei wenjen yn Harbor Beach , yn 'e noardlike steat Michigan , in gebiet der't in protte Nederlanske ymmigranten har festige hawwe.

Yn 't earstoan wie Pol der yn tsjinst by in oare bistedokter, mar yn 1981 stiften Pol en syn frou in eigen praktyk oan hus yn Weidman . Pol behannele troch de jierren alderhanne bisten, fan hunen , katten , hamsters en kavia's oant fee lykas hinnen , kij , skiep , geiten , bargen , alpaka's en sels rindieren .

Pol syn soan Charles wurke foar de tillefyzjestjoerder Nickelodeon , en betocht yn syn frije tiid mei in pear maten ideeen foar nije realitytillefyzjesearjes . Dy beaen se dan oan by ferskate tillefyzjestjoerders, en derby murken se dat it sukses fan sa'n idee benammen te krijen hie mei de personaazjes der't sokke searjes om draaie moasten. Dat brocht Charles op it idee om in realityrige oer syn heit meitsje te litten. Jan Pol ferwachte der net folle fan, mar hie der gjin beswier tsjin dat syn soan in searje oer him oan 'e man besocht te bringen. Mar it National Geographic Channel liet in pilotoflevering meitsje dy't har sa goed befoel dat it los koe mei de searje.

No redt Jan Pol mei syn Drintske nofterens eltse wike op 'e Amerikaanske tillefyzje it libben fan it iene nei it oare bist, wat him yn 'e Feriene Steaten razend populer makke hat. Eltse dei komme der trije of fjouwer groepen fans yn 'e praktyk del en moat Pol mei har op 'e foto en hantekenings sette. Nei eigen sizzen wurdearret er dy bewundering wol, mar hy fynt it ek wat grizelich, en it moat fansels net te gek wurde, want dan behinderet it him yn syn wurk. Yn 2014 kaam Pol syn autobiografy ut, Never Turn Your Back on an Angus Cow , dy't er skreau yn gearwurking mei ghostwriter David E. Fisher .

Yn 'e simmer fan 2015 wie Pol mei syn frou , beide bern en twa pakesizzers even yn Nederlan , der't er him lokkigernoch noch gewoan op 'e dyk fertoane koe sunder dat er oansprutsen waard troch fans . Wol waard er utnuge yn it praatprogramma fan Eva Jinek , der't er utlis joech oer syn wurk en populariteit. Op 22 febrewaris 2016 died er Fryslan oan, der't er in gastkolleezje fersoarge oan it Nordwin Kolleezje (foarhinne AOC Fryslan ). Dat barde op fersyk fan Pol syn omkesizzer Harm-Jan Pol, dy't der studearre. Der wie sa'n oanrin dat de tagong beheind wurde moast ta studinten diergeneskunde , wermei't de seal al grotfol siet. Mear as hundert oaren moasten teloarsteld wurde. Yn septimber 2016 wie Pol fannijs yn Fryslan, der't er op 19 septimber yn Drachten , op 'e Sintrale Merjekeuring fan it Frysk Hynste Stamboek , mei in filmploech oanwezich wie om opnamen te meitsjen foar it tsiende seizoen fan syn searje.

Publikaasjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • 2014 ? Never Turn Your Back on an Angus Cow (mei David E. Fisher )
    • Nederlanske oersetting: Dokter Pol: De Wereldberoemde Dierenarts uit Nederland (fert. Clarine Smeets, 2016)

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: