Jacobus van Loon
(
Sint-Anne
,
30 desimber
1821
-
Ljouwert
,
7 febrewaris
1903
) wie in
stienfabrikant
en Frysk foaroanman.
Hy stipe de Fryske saak moreel en finansjeel. Mei
Tiede Roelofs Dykstra
en
Harmen Sytstra
oprjochter fan it
Frysk Selskip (1844)
foarsitter fan
1862
-
1896
, earefoarsitter (1896). Besoarge mei
M. de Boer
yn
1876
it
Frysk Lieteboek
mei ek inkele lietsjes fan syn han. Hy die war foar in Frysk Wurdboek, foar de
Provinsjale Bibleteek
en foar de wettersteat. Redakteur foar de
Fryske Almenak
.
Van Loon wie in liberaal politikus. Steatelid fan 1850-1890, sekretaris fan
Baarderadiel
(1852-1860), deputearre fan 1860-1901.
Syn 'panwurk' stie yn
Huns
. Op syn gref is yn
1907
troch it Selskip 1844 in tinkstien oprjochte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red.
, Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958),
Loon, Jacobus van
.
- Nij Nederlansk Biografysk Wurdboek
(10 dielen, Leien 1911-1937)
|