한국   대만   중국   일본 
Jaap Goeman Borgesius - Wikipedy Springe nei ynhald

Jaap Goeman Borgesius

Ut Wikipedy

Jacobus Hendrik Goeman (Jaap) Borgesius ( Hilversum , 17 jannewaris 1929 ? Marsum , 24 maaie 2003 ) wie in Nederlanske politikus ut namme fan de VVD .

Hy wie lid fan de famylje Borgesius en in soan fan mr. J. Borgesius (1876 -1943) en Therese Blommers (1891 -1977). Syn heit wie doedestiids griffier by it kantongerjocht yn Hilversum, mar koart derop waard beneamd ta griffier by it kantongerjocht yn Amsterdam wernei't de hushalding yn Loenen oan de Fecht wenjen gie. Syn heit ferstoar yn 1943. Syn pake fan heitekant, mr. Hendrik Goeman Borgesius (1847-1917), wie in liberaal politikus dy't it brocht ta minister en foarsitter fan de Twadde Keamer wylst syn pake fan memmekant de ferneamde keunstskilder Bernard Blommers (1845-1914) wie.

Jaap Goeman Borgesius, dy't ek bekend stiet as J.H.G. Goeman Borgesius, [1] hat yn Amsterdam de hbs trochrun wernei't er yn tsjinst moast. Hy hat doe as marinier ek noch in skoftke yn it doetiidsk Nederlansk-Ynje legere west.
Dernei gie er as folonter wurkjen op it gemeentehus yn Loenen oan de Vecht. De kar foar wurkjen by in gemeente kaam foar in part trochdat er in soad utfanhus wie by syn omke en fad A.H. Goeman Borgesius dy't doe boargemaster fan Stienwyk wie. Dernei gie Jaap Goeman Borgesius oan't wurk by de gemeentesekretary fan de gemeenten Westbroek, Achttienhoven en Tienhoven en yn 1954 kaam er yn tsjinst by de gemeentesekretary fan Breukelen der't er wurke hat as kommys twadde klasse.

Yn maaie 1961 waard er beneamd ta boargemaster fan Aduard en yn augustus 1979 folge syn beneaming ta boargemaster fan Menameradiel . Yn febrewaris 1994 gie hy der mei pinsjoen en njoggen jier letter ferstoar hy yn de alderdom fan 74 jier.

Literatuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Nederland's Patriciaat 36 (1950 ), s. 68 -69 (Goeman is ien fan syn foarnammen en is gjin part fan de famyljenamme).

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Goeman Borgesius (74) overleden , www.frieschdagblad.nl