한국   대만   중국   일본 
J.J. Cale - Wikipedy Springe nei ynhald

J.J. Cale

Ut Wikipedy
J.J. Cale
sjonger en/of muzikant
J.J. Cale, 2006
J.J. Cale, 2006
persoanlike bysunderheden
echte namme John Weldon Cale
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 5 desimber 1938
berteplak Oklahoma City
stoarn 26 july 2013
stjerplak La Jolla
wurkpaad
sjenre Blues
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint Gitaar
jierren aktyf 1958 ? 2013

J.J. Cale ( Oklahoma City , 5 desimber 1938 ? La Jolla , 26 july 2013 ), wie in Amearikaansk gitarist, komponist en sjonger. Syn bekendste lieten binne 'After Midnight' en 'Cocaine' beide ta in hit makke troch Eric Clapton .

Wurkpaad [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Cale hat fan jong of oan mei muzyk de kost fertsjinne. Fan syn 15e of spile J.J. yn de klups fan Tulsa al in kombinaasje fan blues , rock , jazz en country . Letter foarme hy syn eigen groep, Johnny Cale and the Valentines . Neidat Cale yn 1959 ferhuze nei Nashville spile hy der in jier as san yn the Grand Ole Opry , om dochs wer werom te gean nei syn alde band yn Tulsa. Yn it midden fan de 60-er jierren makke Cale de reis nei Los Angeles om der oan in solokarriere te wurkjen. Hy sette der 'After Midnight' op singel, mar dat soe pas in hit wurde yn de ferzje fan Eric Clapton. Hy soe fan Los Angeles ut noch yn in pear bands spylje oant Cale yn 1966 wer nei Tulsa gie om serieus wurk fan syn solokarriere te meitsjen.

It duorre oant 1972 eart op it Shelterlabel syn debut album ferskynde, mei de namme 'Naturally'. Syn namme wie al bekend fan syn Clapton-hit en mei it numer 'Crazy Mama' skoarde Cale yn Amearika no sels in hit. Al gau dernei kaam it twadde album fan Cale op 'e merk: 'Really'. Yn de rin fan de 70-er en 80-er jierren folgen der noch ferskate albums, mar de yntroverte artyst Cale soe nea echt bekend wurde by in grut publyk.

Syn muzyk waard dat wol. Njonken de numers dy't Clapton wraldbekend makke, droegen ek Lynyrd Skynerd (Call Me the Breeze), Santana (The Sensitive Kind) en Deep Purple (Magnolia) by oan syn faam as komponist.

Op 8 juny 2004 ferskynde 8 jier nei de The Guitar Man wer in album mei nij wurk fan Cale, To Tulsa And Back , by syn nije platemaatskippij Sanctuary Records .

Diskografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]