Ivan IV fan Ruslan

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ivan de Ferskriklike )
Ivan IV fan Ruslan
aadlik persoan en/of hearsker
Ivan de Grousume troch Viktor Vasnetsov
Ivan de Grousume troch Viktor Vasnetsov
bynamme Ivan de Grousume,
Ivan de Ferskriklike
nasjonaliteit Russysk
bertedatum 25 augustus 1530
berteplak Kolomenskoje
stjerdatum 18 maart 1584
stjerplak Moskou
dynasty Rjoerikiden
etnisiteit Russysk
tsaar fan Ruslan
regear 1547 ? 1575 en 1576 ? 1584
foargonger himsels as grutfoarst fan
    Moskou (-1547)
Simeon Bekbulatovitsj (1575-1576)
opfolger Fjodor I fan Ruslan
grutfoarst fan Moskou
regear 1533 ? 1547
foargonger Vasili III fan Moskou
opfolger himsels as tsaar fan Ruslan

Ivan IV Vasiljevitsj ( Russysk : Иван Васильевич; berne op 25 augustus 1530 ? ferstoarn op 18 maart 1584) wie fan 1533 oant 1547 grutfoarst fan Moskoovje en de earste Russyske tsaar . Ivan IV stamde fan it alde russyske foarsteskaai fan de Rurikiden .

Hy is fral bekend as Ivan Grozny (Ива?н Гро?зный) en yn 'e regel wurdt dat oerset as Ivan de Grousume of Ivan de Ferskriklike ; 'grozny' betsjut lykwols untsachlik, machtich of strang.

Ivan IV brocht feroarings yn it bestjoer, it rjocht en leger en begeunstige de legere adel yn it neidiel fan de ynfloedrike bojaren . Under syn bewald wreide it ryk him ut nei it easten en suden, mar troch de Liiflanske Kriich en de terreur liet er in ferswakke Ruslan efter.

Jongerein [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De ut tankberens foar de berte fan Ivan boude Himelfeartsjerke

Ivan wie de earste soan fan Vasili III en dy syn twadde frou Helena Glinskaja . De mem fan Vasili wie in Grykske prinsesse ut it Hus Palaiologos fan 'e keizers fan it Byzantynske Ryk . Elena har mem wie in Servyske prinsesse en har heite famylje, de Glinski's, eallju yn it Gruthartochdom Litouwen , wiene etnyske Lipkatataren , dy't bewearden of te stamjen fan 'e Mongoalske hearsker Mamai (1335-1380). Ivan waard ferneamd nei Jehannes de Doper en op 4 septimber 1530 doopt yn it Trijeienheid-Sergius kleaster . Neffens de tradysje soe de Himelfearttsjerke yn Kolomenskoje yn de jierren 1528-1532 boud weze as gebed oan God foar in soan en letter om God te tankjen foar de berte fan in soan. Op 30 oktober 1532 fun de berte fan in broerke fan Ivan plak, dy't beheind wie. Doe't Ivan trije jier ald wie ferstoar syn heit. Vasili hie ek noch jongere bruorren dy't oanspraak meitsje koene op de troan, Andrei van Staritsa en Joeri fan Dmitrov, mar beide waarden eliminearre. Undertusken wie syn mem regintesse foar Ivan, dy't grutbrocht waard yn it kremlyn . Op 4 april 1538 ferstoar syn mem unferwachts, mooglik troch fergiftiging. De jonge Ivan wie no wees. De macht waard doe dield tusken ferskillende bojarefamyljes (Sjoejski, Glinski, Bielski).

Ier bewald [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Kroaning fan Ivan IV

Yn 'e aldens fan sechtjin jier waard Ivan op 16 jannewaris 1547 ta tsaar troand en yn itselde jier troude er de bojaredochter Anastasia Romanovna . Syn bewald liede ynearsten ta freedsume fernijings. Ivan waard as from beskoge en lies yn de Hillige Skrift ; hy wie tuk, mar ek sluchslim en haatsk. Hy koe strategysk tinke en spile fakentiden skaak. Nei't er himsels ta autokraat fan hiel Ruslan utrop wenne er yn it tsarepaleis yn it Moskouse kremlyn, dat er al ut syn bernetiid koe. Der sette er yn de jierren 1550 grutte sosjale en steatsherfoarmings yn gong. Hy krige derby stipe fan in groep wichtige adviseurs, de 'Isbrannaja Rada' ("keazen ried"). De wetten waarden op 'e nij oardene mei it nije wetboek fan 1550 en it leger waard reorganisearre. Tsaar Ivan IV rjochte ek it earste Russyske parlemint op, weryn't de feodale stannen fertsjintwurdige wiene ('Zemski Sobor', 1549). It nije wetboek en in rige dekreten wreiden de rjochten ut fan de keazen fertsjintwurdigers ut de boeremienskippen yn de rjochtbank en yn it lokale selsbestjoer. Fierder stifte Ivan yn 1550 de paleiswacht fan de Strelitsen . Troch it fuortsterkjen fan de sintrale steat wist Ivan de militere slachkreft fan it lan te fergrutsjen. Tsaar Ivan socht nei nije mooglikheden om te hanneljen en iepene de haven fan Archangelsk oan de Wite See foar Ingelske keaplju. Ek wie Ivan ferantwurdlik foar it beheinen fan de frijheid fan de boeren, in earste stap yn de rjochting fan it lettere liifeigenskip.

It ferstjerren fan syn earste frou Anastasia yn 1560 brocht de tsaar yn djippe rou. Ivan IV sloech himsels oant bliedens ta yn oanwezigens fan de hiele hofhalding mei de holle tsjin de muorre. Hy soe der net oerhinne komme en syn sunens waard jimmeroan minder, hy waard minder skerp, paranoide en gewelddadich. Ek begun er leden fan de adel te ferfolgjen en te eksekutearjen.

Bojaren [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn dy tiid wie de macht fan de tsaar net sa fanselssprekkend. In soad bojaren wiene feitlik unofhinklik fan de tsaar, besieten eigen legers en sprutsen rjocht. Ivan woe der in ein oan meitsje en sette prikken yn it wurk om harren macht te beheinen. Hy herfoarme de steat en pakte fan de bojaren grutte dielen fan de beste grun en de rykste kriten of. Sa kreearre Ivan yn 1564 de 'Opritsjnina', it diel fan it ryk dat streekrjocht under it bestjoer Ivan foel. Foar de unteigende grun krigen bojaren somtiden stikken grun fan mindere kwaliteit of oan de steatsgrinzen, wylst oaren nei in kleaster ferballe waarden. De kontrole droech er oer oan syn geheime plysje, de 'opritsjniki'.

Tusken 1563 en 1575 joech Ivan opdracht ta njoggen massa-eksekusjes. De opritsjniki mochten dy utfiere en soargen foar terreur oer it hiele lan. Tuzenen minsken waarden fermoarde troch de leden fan de opritsjniki, dy't as liifwachten, mar ek as spionnen, untfierders en beulen wurken. Ta de opritsjniki hearde ek de bojaresoan Fjodor Basmanov , de favoryt fan de tsaar en werfan't Andrej Koerbski en oaren seine dat er in homoseksuele relaasje mei Ivan hie.

Oermastering fan Kazan [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De oerjefte fan Kazan ( Potr Korovin , 1885)

Sunt de 15e iuw hie Moskou al oarloch mei it Kazaner kanaat en alle jierren bedrigen ynfallende Tataren Moskou. Yn desimber 1547 organisearre Ivan de earste fjildtocht tsjin Kazan en yn novimber 1549 in twadde, mar it leger wie te swak. Yn 1551 waarden de plannen foar in tredde fjildtocht en de organisaasje fan in sterk leger taret, dy't yn 1552 earst de Krim-Tataren fersloech en dernei nei it easten teach om op 30 augustus fan dat jier Kazan te belegerjen. Mei rammen, minen en kanonnen en it ofsnijen fan it wetter wist Ivan de sted op 2 oktober ta oerjefte te twingen. De fersterkings fan de sted waarden ofbrutsen, grutte dielen fan de befolking ofslachte en de finzennommen khan Jediger Machmet yn 1553 twongen ta bekearing ta de Russyske otterdoksy. Twa jier letter moasten ek de Basjkieren belies jaan. Dermei makke de tsaar in ein oan de frekwinte oerfallen en roftochten fan it Kazaner kanaat yn it noardeasten fan Ruslan en makke er it oare aggresive folken folle dreger om fanut Aazje oer de Wolga Europa oan te fallen. Om de ferovering fan Kazan te fieren liet er yn Moskou de Basiliuskatedraal bouwe.

Op de oermastering fan Kazan folge yn 1556 de oermastering fan Astrachan, it sintrum fan de Nogai Horde. Mei de nije feroverings ferbetteren de mooglikheden foar Ruslan om te hanneljen mei it suden (bygelyks Perzje) en sudwesten. Ek waard it makliker foar Ruslan om Sibearje fierder yn te nimmen.

Liiflanske Kriich (1558-1583) [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Mei't Ivan IV gjin lest mear hie fan de Tataren koe Ivan him op nije ambysjes rjochtsje: in tagong ta de Eastsee . Troch de reformaasje wie de Liiflanske Konfederaasje swak en yn jannewaris 1558 foel Ivan mei in 40.000 man sterk leger Liiflan oan. Dy saneamde Liiflanske Kriich duorre 22 jier en ferneatige de ekonomy fan it lan mei hege ferliezen oan Ruslan's kant sunder dat it wat oplevere. Tsjin 1562 wie Ruslan yn oarloch mei de keninkriken Poalen en Sweden. Prins Andrei Koerbski, zijn beste adviseur en kommandant fan de Russyske troepen oan de westlike grins, ferriede de tsaar yn april 1564 en run oer nei Poalen. Tegearre mei it Poalsk-Litouske legere ferneatige de prins de russyske regio Velkije Luki. Yn juny 1570 makke de tsaar prins Magnus fan Denemark ta kening fan Liiflan. Kening Magnus krige in leger fan 25.000 man sterk om lan foar de tsaar te feroverjen. Syn ferloving mei in dochter fan prins Vladimir fan Staritsa soe him bine moatte oan it tsarenryk. Mar om't Magnus in dubel spul spile mei de kening fan Poalen en Reval net oermasterje koe, stjoerde de tsaar syn leger nei Estlan om it keninkryk te ferneatigjen. Magnus wist ut te piken nei Riga en run oer nei Poalen.

It Ferdrach fan Jam Zapolski makke op 15 jannewaris 1582 in ein oan de oarloch en twong de tsaar om alle besette dielen fan Liiflan wer op te jaan.

Metropolyt Filip [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Metropolyt Filip wegeret Ivan te segenjen

Op fersyk fan Ivan waard op 25 juny 1566 de abt Filip fan it Solovetski-kleaster ta metropolyt fan Moskou en hiel Ruslan kroand. De abt wie from, betuft en hie in grut plichtsgefoel yn it opfolgjen fan de kleasterregels. De tsaar wie tige under de yndruk wat de abt allegear yn Solovetski ut de wei setten hie fan de oanlis fan wettersystemen en it oanmeitsjen fan lan oant de bou fan in sikehus en in katedraal.

Filip hie Ivan tasein it amt te beklaaien, under betingst dat Ivan de opritsjnina ofskaffe soe. Ivan hold him lykwols net oan syn wurd en twa jier letter gyng de terreur noch altiten troch. Doe't yn de Festeltiid op de snein fan de Krusferearing op 2 maart 1568 de tsaar nei de katedraal kaam foar it bywenjen fan de Godlike Liturgy, wegere Filip him om dy reden te segenjen. Der't elk bystie roste de metropolyt Ivan syn wredens fan it oanduorjende bloedferjitten goed yn. Ivan beskuldige de metropolyt doe fan wyldsin en tsjoenderij; hy liet de metropolyt oppakke doe't dy krekt foargong yn in liturgyfiering yn de Marije-Himelfeartkatedraal , finzen sette, ofsette ut syn amt en ferbalje nei in kleaster yn Tver . In goed jier letter waard de metropolyt op 23 desimber 1569 om it libben brocht. Maljuta Skoeratov , ien fan de lieders fan de opritsjnina, easke fan Filip de segen foar de moardpartij yn Novgorod en doe't Filip dat lilk wegere, smoarde dy de metropolyt.

Novgorod [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Om't Ivan IV de hannelsted Novgorod fertocht gear te spannen mei Poalen-Liiflan teach er op 6 jannewaris 1570 mei tsarevitsj Ivan en 1500 soldaten nei de sted. Der liet er yn in moanne tiid foar de stedspoarte de hiele befolking utmoardzje. Tuzenen minsken kamen om en Novgorod soe de klap net wer te boppe komme.

Tataren en Sibearje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boadskippers fan Jermak Timofeevitsj dogge tsaar Ivan tynge fan de oermastering fan Sibearje)

Undertusken makken de Krim-Tataren it sudlike grinsgebiet fan Ruslan noch unfeilich. Op 24 maaie 1571 brieken hja under lieding fan khan Devlet Giray troch en steaken Moskou yn 'e bran. By in nije oanfal op Ruslan krigen de Tataren in swiere klap, doe't hja de Slach by Molodi ferlearen. Ynearsten soe Ruslan gjin lest mear ha fan ynfallende Krim-Tataren.

Ivan wie de earste tsaar dy't syn eagen op Sibearje falle liet, it sliepende lan oan de oare kant fan de Oeral . In lid fan it skaai Stroganov liet de tsaar kostbere saken lykas goud, kristal en sabelbont sjen en under lieding fan de Stroganov's waard yn opdracht fan de tsaar in earste ekspedysje taret. Lans de rivieren wist kozakkenlieder Jermak Timofeevitsj it kanaat Sibir te naderjen. De beslissenden slach tsjin de Sibearyske Tataren fun yn 1582 plak yn de omkriten fan wat letter Tobolsk waard, der't al gau in kremlyn oanlein waard. Sunt dy tiid neamde Ivan IV himsels ek 'tsaar fan Sibearje'.

Moard op de troanopfolger [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De moard fan Ivan op syn soan ( Ilja Repin )

Neffens de pauslike legaat Antonio Possevino fermoarde Ivan IV syn eigen soan en troanopfolger Ivan Ivanowitsj (1554?1581) mei in izeren heft fan syn stef. De tsaar fun syn skoandochter der unfatsoenlik by rinnen en de oare deis wied er nei har keamer gien om har der of te seamen, sa slim dat hja it bern der't hja swier fan wie ferlear. Syn soan woe him de oare deis geweken nimme en besocht syn heit del te bedzjen, mar dy waard doe sa lilk en sloech syn soan mei de izeren knop fan syn stef dea. De tsarevitsj lei dernei noch in pear dagen yn koma en ferstoar doe oan de ferwunings. It ferlies fan syn soan krige him sa beet dat er mei de holle op de kiste fan syn soan bunze.

Boarnen ut dy tiid skriuwe ek dat de tsaar en syn soan deilis krigen oer it utbliuwen fan sukses yn de Liiflanske Kriich en de troch de soan easke help foar de troch de Poalen belegere sted Pskov . In oare reden is dat de soan sunder tastimming hynders jun hie oan in edelman. Oare berjochten skreaune dat de erfgenaam siik wie.

By forinsysk undersyk yn 1963 koe gjin deadsoarsaak fan Ivan Ivanovitsj festeld wurde om't der fan de plasse allinne stof oerblean wie.

Dea [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ivan ferstoar nei't er by in spultsje skaken in beroerte krige. Syn beheinde broer Fjodor folge him op, mar de echte macht lei by syn fald Boris Godunov. Fjodor's healbroer Dimitri Ivanovitsj wie noch mar twa jier ald. Letter waard Dimitri under fertochte omstannichheden mei in trochniene kiel fun. Neffens Godunov wied er by in eleptyske oanfal yn syn eigen knyft fallen. Boris Godunov rop him doe sels ut ta tsaar.

De binne lykwols ek stege geroften dat de tsaar fergiftige waard troch Boris Godunov en Bogdan Belski en dy syn Ingelske arts.

Houliken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ivan bewunderet Vasila Melentjeva ( Grigori Sedov )

Ivan wie san kear troud en mar fjouwer houliken waarden troch de Russysk-Otterdokse Tsjerke erkend. [1]

  1. Fuort nei de kroaning troude tsaar Ivan mei syn earste frou Anastasia Romanovna . Hja ferstoar op 7 augustus 1560, mooglik troch fergiftiging. Mei har hie Ivan seis bern:
    • Anna (1549-1550)
    • Maria (1551-1552)
    • Dmitri (1552-1553)
    • Ivan (28 maart 1554 - 19 novimber 1581)
    • Eudokia (1556-1558)
    • Fjodor I (1557-1598)
  2. Op 21 augustus 1561 boaske Ivan syn twadde frou Maria Temrjukovna fan Circassian (Russisch; Мария Темрюковна), dochter fan prins Temrink (Temrjuuk) Cherkassky. Maria Temrjoekovna ferstoar op 1 septimber 1569.
    • Mei har hie er de soan Vasili (Russysk; Василий, berne op 21 maart 1563), dy't op 3 mei 1563 ferdronk, troch't de oppasser him mei fersin falle liet.
  3. Op 28 oktober 1571 boaske er mei Martha Vasilievna Sobakina (Russysk; Марфа Васильевна Собакина). Hja ferstoar op 13 novimber 1571 mooglik troch fergif, twa wiken nei it houlik.
  4. Op 28 april 1572 boaske Ivan mei Anna Ivanovna Koltovskaja (Russysk; Анна Ивановна Колтовская). Yn 1573 gyngen hja by inoar wei en waard hja nei it kleaster stjoerd. Hja ferstoar op 5 april 1626.
  5. Yn 1575 waard Anna Grigorjevna Vasiltsjikova (Russysk; Анна Григорьевна Васильчикова) de fyfte frou fan Ivan. Hij liet er sels nei in jier ferballing nei in kleaster net yn 'e steek. Hja ferstoar op 7 jannewaris 1579.
  6. As sechde frou wurdt sunt 1579 Vasila Melentjeva (Russysk; Василиса Мелентьева) neamd. Om't hja in minnaar hie waard ek hja ferballe nei in kleaster; wylst har minnaar spytst waard. Vasili Melentjeva kin lykwols allinne in byfrou west ha en it houlik kin basearre weze op 19e-iuwske rabberij .
  7. It sande houlik fan Ivan wie mei Maria Fjodorovna Nagaja (Russysk; Мария Фёдоровна Нагая), dochter fan Fyodor Nagai. Dat houlik waard yn septimber 1580 sletten.
    • Hja waard de mem fan syn leste bern, prins Dmitri Ivanovitsj , berne op 19 oktober 1583, nei alle gedachten fermoarde op 15 maaie 1591. Nei de dea fan Ivan waarden mem en soan troch Boris Godunov ferballe nei Uglitsj . Maria ferstoar op 20 july 1612.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dutsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Iwan IV. (Russland)
  1. De list oer de houliken en de bern fan Ivan IV is ofkomstich fan de Ingelsktalige wikipedyside en:Ivan the Terrible