한국   대만   중국   일본 
It Beaken (tydskrift) - Wikipedy Springe nei ynhald

It Beaken (tydskrift)

Ut Wikipedy

It Beaken wie in tydskrift fan 'e Fryske Akademy dat oan alle leden en donateurs fergees tasjoerd waard. It ferskynde sunt 1938 yn in omfang fan teminsten 196 siden yn it jier; earst yn seis, letter yn fjouwer of mear ofleverings . De artikels giene yn haadsaak oer taal , literatuer , skiednis , bestjoer , rjocht , folkskarakter , folkekunde , demografy , keunst , underwiis , godstsjinst en tsjerke . Yn 't earstoan wie it in Frysktalige utjefte, mar geandewei sloep der mear Nederlansk yn, oant uteinlik Frysktalige artikels utsunderings waarden. Yn 2020 ferskynde yn ferban mei besunigings by de Fryske Akademy, dy't finansjeel yn swierwaar rekke wie, de leste edysje fan It Beaken . Neffens de bygeande ferklearring fan F.A.- direkteur Willem Smink soe It Beaken opgean yn Us Wurk , it bled fan it Frysk Ynstitut oan 'e Ryksuniversiteit Grins .

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Groot, Pieter de , Omkearde Wrald: Akademybled It Beaken nei 81 jier tragysk under , yn: de Ljouwerter Krante , 3 july 2020, bylage Freed , s. 8.