한국   대만   중국   일본 
Iper - Wikipedy Springe nei ynhald

Iper

Ut Wikipedy
Iper
Lakenhalle, Belfort en Sint-Maartenstsjerke
Lakenhalle, Belfort en Sint-Maartenstsjerke
Polityk
Lan Belgje
Provinsje West-Flaanderen
Arrondissemint Iper
Boargemaster Luc Dehaene
Sifers
Ynwennertal 35.014 (2017)
Oerflak 130,61 km²
Befolkingsticht. 268,08/ km²
Oar
Koordinaten
Offisjele webside
www.ieper.be
Lizzing gemeente en arrondisemint Iper yn West-Flaanderen

Iper ( Fransk : Ypres ) is in sted en gemeente yn it sudwesten fan de Belgyske provinsje West-Flaanderen . De sted hat hast 35.000 ynwenners en is dermei de seisd grutste sted fan West-Flaanderen. Iper is ek it sintrum fan it arrondissemint mei deselde namme en de grutste sted yn de Westhoek. De bynamme fan Iper is 'de Kattested' of sunt de besite fan paus Johannes Paulus II , 'Fredessted'. Earder waard sprutsen fan Iperen . Iper leit yn de streek West-Flaamsk Hichtelan .

Kearnen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De gemeente Iper bestiet ut olve dielgemeentes . Runom it stedssintrum lizze de dielgemeenten Boezinge , Brielen , Dikkebus , Elverdinge , Hollebeke , Sint-Jan , Vlamertinge , Voormezele , Zillebeke en Zuidschote . Yn Boezinge leit ek it buorskip Pilkem . Eastlik fan it stedssintrum lizze in tal buorskippen sa as Wieltje, Potyze en Verlorenhoek, yn Zuidschote leit it buorskip Lizerne en yn Voormezele Sint-Elooi.

# Namme Oerflak Befolking (31/12/2009)
I Iper (sintrum) 18,68 21.786
II Zillebeke 17,35 2.105
III Hollebeke 5,73 705
IV Voormezele 11,92 888
V Dikkebus 10,06 1.503
VI Vlamertinge 20,84 3.646
VII Brielen 5,73 879
VIII Elverdinge 13,97 1.791
IX Zuidschote 4,40 389
X
 
(XII)
Boezinge
- Boezinge
- Pilkem
18,24
 
 
2.534
 
 
XI Sint-Jan 4,48 923

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Earste Wraldkriich [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ferwoasting fan Iper

Salang't de Earste Wraldkriich duorre hat, wie de sted oan trije kanten omjun fan Dutske troepen; de Britske ferdigeners neamden dy boge yn it front de Ypres Salient . In fergelykbere situaasje bestie, fierder nei it sudeasten, by de Franske sted Verdun .

It slagge de Dutsers net de sted te feroverjen. De Dutske kavalery hie - eardat de fjochterij om Iper hinne begun - de sted wol ynluke en trochkruze kinnen; in fjildtocht dy't mar inkelde dagen duorre. Nettsjinsteande in oantal grut opsette fjildslaggen, dy't 500.000 soldaten it libben koste, bleau Iper ut hannen fan de Dutsers.

Earste Slach om Iper [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op 21 oktober 1914 begun de Earste Slach om Iper. It 26e Dutske reservekorps stie tsjinoer Franske en Britske troepen. Om seis oere foelen de Dutsers oan, mar rillegau ferlearen sy de striid. De Dutske soldaten besochten it letter noch twaris, mar it slagge harren net. Op 22 novimber 1914 besleat it Dutske Heechstekommando om it offensyf sitte te litten.

Twadde Slach om Iper [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Twadde Slach om Iper sette op 14 april 1915 utein om Hill 60 . De Dutsers moasten it wer opnimme tsjin de Fransen en de Britten. De slach is meast bekend wurden omdat der foar it earst gloorgas brukt waard. De Dutsers setten it gifgas yn op 22 april 1915 . Letter hawwe de Dutsers ek mostergas brukt. It krige de namme Iperyt omdat it foar it earst op grutte skaal by Iper ynset waard.

Tredde Slach om Iper [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op 31 july 1917 begun de Tredde Slach om Iper. De Britske fjildmaarskalk sir Douglas Haig woe doe de Dutsers de deastek jaan. De slach sels waard striden op 10 novimber 1917. Dizze slach wurdt ek wol de Slach om Passendale neamd, nei it doarpke under Zonnebeke . Dat doarp waard folslein ferwoastge.

Fjirde Slach om Iper [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op 18 maart 1918 wie de Fjirde en leste Slach om Iper. Nei dy slach lei de sted Iper hielendal yn pun. Op 28 septimber 1918 ferlieten de Dutsers Langemark . Goed seis wike letter, op 11 novimber 1918 om moarns alve oere wie de oarloch offisjeel dien.

Iper yn 1919

Nei de oarloch [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Militer begraafplak by Iper

De sted Iper lei lykwols yn pun. Nei de kriich woene guonts te sted net wer opbouwe, mar gewurde litte, as in tinkteken oan in ferskriklike oarloch. Dochs waard de sted wol werombrocht yn de steat fan foar de oarloch, foar it meastepart mei Dutsk jild, part fan de oftwongen Wiedergutmachung . De weropbou duorre mear as fjirtich jier. Foar in protte minsken, benammen de Britten, is Iper it middelpunt fan de betinking fan de Earste Wraldkriich. De fjilden om de sted hinne lizze besiedde mei goed 170, goed fersoarge, begraafplakken.

Twadde Wraldoarloch [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op 6 septimber 1944 waard Iper befrijd troch it 10e rezjimint Jagers op 't hynder, tankrezjimint ut de 1e Panserdifyzje (Poalen) fan generaal Maczek dy't ut Poperinge wei de sted ynfoelen.

Literatuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • I. L. A. DIEGERICK, Inventaire des archives de la ville d'Ypres , Brugge , 7 dielen, 1853-1868
  • A. VANDENPEEREBOOM, Ypriana , Brugge, 7 dielen, 1878-1883.
  • Octaaf MUS (red.), Prisma van de geschiedenis van Ieper , Iper, 1974
  • Jozef GELDHOF, Oorlogsdagboeken over Ieper (1914-1915) , Brugge, Diel 1, 1974 - Diel 2, 1977
  • Jan DEWILDE & Frederik VANDEWIERE, Ieper op porseleinkaart 1840-1890 , Iper, 2004
  • Octaaf MUS & Paul TRIO (red), De geschiedenis van de middeleeuwse grootstad Ieper. Van Karolingische villa tot de destructie in 1914 , Iper, 2010, ISBN 978 94 909 26021 .


Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


 
West-Flaanderen
Flagge fan de provinsje West-Flaanderen
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge  (haadsted) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem