Ingrid Bergman
, (
Stockholm
,
29 augustus
1915
?
Londen
,
29 augustus
1982
) wie in
Sweedsk
aktrise. Ien fan har ferneamdste rollen wie dy fan
Ilsa
yn de film
Casablanca
(1942) mei as tsjinspiler
Humphrey Bogart
.
Bergman ferlear op jonge leeftiid har beide alden en waard troch famyljeleden grutbrocht. Se studearre oan de Keninklike Teaterskoalle yn Stockholm en har earste rol wie yn de Sweedske film Munkbrogreven (1934). Nei njoggen films yn Sweden gie se yn 1938 nei
Dutslan
, der't se in kontrakt tekene mei de UFA foar trije films. Allinne de earste, Die vier Gesellen, waard echt makke. Dernei sette se of nei de
Feriene Steaten
, nei alle gedachten foar har man
Petter Aron Lindstrom
. Se makke der namme troch in rol yn de film Intermezzo (1939).
Yn
1949
bloeide op de set fan Stromboli it kontakt mei
Roberto Rossellini
op ta in affere. Trochdat se beide boaske wiene, waard de relaasje, werby't se ek swier waard, in skandaal werunder har karriere hast beswiek. Nei de berte fan harren poppe (Renato), boaske it stel. Bergman waard ek noch mem fan de twilling
Isabella Rossellini
(aktrise) en Isotta Rossellini.
Yn
1978
spile se yn
Ingmar Bergmans
Herfstsonate
. Se spruts floeiend meardere talen, werunder
Sweedsk
,
Dutsk
,
Fransk
,
Ingelsk
en
Italiaansk
.
Se ferstoar oan
kanker
op har jierdei yn
1982
yn de aldens fan 67-jier en waard kremearre yn Sweden.