Ingelan
is al sunt iuwen ferdield yn
greefskippen
(counties).
In oantal bestjoersherfoarmingen fanof de
19e iuw
hat derfoar soarge dat it wurd "greefskip" wylens ferskate betsjuttingen hat.
It yn it generaal oanfurdige systeem fan 39 tradisjonele greefskippen untstie tusken de
12e
en
16e iuw
, hoewol't de ofbeakening fan in protte gebieten al folle alder is. Dy gebieten binne yn de rin fan de tiid ynboargere rekke yn it ierdrykskundich referinsjeramt. Der is wat striderij oer de rol fan de wet fan
1844
, dy't de greefskippen ferienfaldigje woe, troch it grutte oantal
eksklaves
te ferminderjen.
Keazen
county councils
(greefskipsrieden) waarden yn Ingelan ynsteld yn
1888
. Sy namen in protte bestjoerlike taken fan de
Quarter Sessions
-rjochtbanken oer, en krigen yn de rin fan de tiid mear foech. Nije gebieten waarden hjirfoar festlein; sy waarden
administrative counties
(bestjoerlike greefskippen) neamd. Der hearde under oaren it
Greefskip Londen
ta, dat parten fan it histoaryske
Kent
,
Middlesex
en
Surrey
umfette. In protte histoaryske greefskippen ? dy't lykwols net formeel opheft waarden ? waarden opdield yn twa (
Suffolk
,
Sussex
,
Northamptonshire
,
Hampshire
en
Cambridgeshire
) of trije (
Yorkshire
,
Lincolnshire
) bestjoerlike greefskippen. De unofhinklike
county boroughs
foelen net under in bestjoerlik greefskip.
Yn
1965
feroare de
County of Londen
yn it "bestjoersgebiet"
Grut Londen
en slokte derby it grutste part fan wat oerbleaun wie fan Middlesex op. Oare countys fusearren doe ek.
Yn
1974
waard it folsleine lokale bestjoer reorganisearre. De
county boroughs
ferdwunen, en de term
administrative county
ferfoel formeel ? al wurdt er yn de praktyk noch hieltyd brukt om underskied te meitsjen tusken de tradisjonele en seremoniele counties. In protte nije
counties
waarden foarme, en oaren ferdwunen. Der kaam in nije kategory
metropolitan counties
foar de seis grutte stedlike kontreien buten Londen:
Grut Manchester
,
Merseyside
,
Sud-Yorkshire
,
Tyne en Wear
,
West Midlands
en
West-Yorkshire
.
Yn
1990
waard it lokale bestjoer wer herfoarme. Sunt binne der in soad lytse
unitary authorities
(unitere autoriteiten); feitlik distrikten mei greefskipsstatus.
Anno 2005 binne der 81 bestjoerlike greefskippen. Derfan binne der 34
shire counties
mei elts in
county council
en ferskate
district councils
(gemeenterieden), 40 unitere autoriteiten en seis
metropolitan counties.
Oer bliuwt
Berkshire
, der't de county council opheft is en de distrikten unitere autoriteiten wurden binne, mar sunder greefskipsstatus. Ta einbeslut is der noch
Greater London
.
Dit binne de gebieten der't in
Lord-Lieutenant
it foar it sizzen hat. Sy komme sa'n bytsje oerien mei de bestjoerlike greefskippen fan 1974, mei in pear ofwikingen.