Greefskippen fan Ingelan

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ingelske greefskip )
De tradisjonele greefskippen fan Ingelan.
Bestjoerlike greefskippen yn 1974.
Bestjoerlike greefskippen sunt 1998.
Seremoniele greefskippen sunt 1998.

Ingelan is al sunt iuwen ferdield yn greefskippen (counties). In oantal bestjoersherfoarmingen fanof de 19e iuw hat derfoar soarge dat it wurd "greefskip" wylens ferskate betsjuttingen hat.

Histoaryske/tradisjonele greefskippen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It yn it generaal oanfurdige systeem fan 39 tradisjonele greefskippen untstie tusken de 12e en 16e iuw , hoewol't de ofbeakening fan in protte gebieten al folle alder is. Dy gebieten binne yn de rin fan de tiid ynboargere rekke yn it ierdrykskundich referinsjeramt. Der is wat striderij oer de rol fan de wet fan 1844 , dy't de greefskippen ferienfaldigje woe, troch it grutte oantal eksklaves te ferminderjen.

Bestjoerlike greefskippen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keazen county councils (greefskipsrieden) waarden yn Ingelan ynsteld yn 1888 . Sy namen in protte bestjoerlike taken fan de Quarter Sessions -rjochtbanken oer, en krigen yn de rin fan de tiid mear foech. Nije gebieten waarden hjirfoar festlein; sy waarden administrative counties (bestjoerlike greefskippen) neamd. Der hearde under oaren it Greefskip Londen ta, dat parten fan it histoaryske Kent , Middlesex en Surrey umfette. In protte histoaryske greefskippen ? dy't lykwols net formeel opheft waarden ? waarden opdield yn twa ( Suffolk , Sussex , Northamptonshire , Hampshire en Cambridgeshire ) of trije ( Yorkshire , Lincolnshire ) bestjoerlike greefskippen. De unofhinklike county boroughs foelen net under in bestjoerlik greefskip.

Yn 1965 feroare de County of Londen yn it "bestjoersgebiet" Grut Londen en slokte derby it grutste part fan wat oerbleaun wie fan Middlesex op. Oare countys fusearren doe ek.

Nei 1974 [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 1974 waard it folsleine lokale bestjoer reorganisearre. De county boroughs ferdwunen, en de term administrative county ferfoel formeel ? al wurdt er yn de praktyk noch hieltyd brukt om underskied te meitsjen tusken de tradisjonele en seremoniele counties. In protte nije counties waarden foarme, en oaren ferdwunen. Der kaam in nije kategory metropolitan counties foar de seis grutte stedlike kontreien buten Londen: Grut Manchester , Merseyside , Sud-Yorkshire , Tyne en Wear , West Midlands en West-Yorkshire .

Yn 1990 waard it lokale bestjoer wer herfoarme. Sunt binne der in soad lytse unitary authorities (unitere autoriteiten); feitlik distrikten mei greefskipsstatus.

Anno 2005 binne der 81 bestjoerlike greefskippen. Derfan binne der 34 shire counties mei elts in county council en ferskate district councils (gemeenterieden), 40 unitere autoriteiten en seis metropolitan counties. Oer bliuwt Berkshire , der't de county council opheft is en de distrikten unitere autoriteiten wurden binne, mar sunder greefskipsstatus. Ta einbeslut is der noch Greater London .

Seremoniele greefskippen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dit binne de gebieten der't in Lord-Lieutenant it foar it sizzen hat. Sy komme sa'n bytsje oerien mei de bestjoerlike greefskippen fan 1974, mei in pear ofwikingen.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]