한국   대만   중국   일본 
Ignatius fan Loyola - Wikipedy Springe nei ynhald

Ignatius fan Loyola

Ut Wikipedy
Ignatius fan Loyola

De hillige Inigo Lopez de Loyola (kastiel Loyola by Azpeitia , 24 desimber 1491 - Rome , 31 july 1556 ), better bekend mei syn Latynse namme Ignatius fan Loyola , waard ferneamd troch syn oandiel yn de stifting fan de Sosieteit fan Jezus , as de earste "generaal" derfan en troch syn Geastlike Oefeningen . Hy waard yn 1622 hillige troch paus Gregorius XV . Syn hjeldei falt op 31 july .

Hy wie de soan fan in Spaanske ealjeman. It skynt dat er der yn syn jonge jierre op los libbe hat, mar under tsjinst yn it Spaanske leger kaam er yn 1521 in omkear by de Franske belegering fan Pamplona , doe't in kanonskugel syn skonken ferwune. Neidat er better wie makke er yn 1534, mei seis oere lju, ut Parys wei in pylgerstocht nei Palestina . Loyola waard yn 1537 yn feneesje ta preester wijd. Yn 1539 waard de oarder fan Jezuiten stifte te Rome. Fan Loyola leit yn Rome bedobbe yn de Jezuitetsjerke Il Gesu .

In syn berteplak Loyola , yn Spaansk Baskenlan , waard in kleaster en in tsjerke boud, wijd oan Ignatius, dat in beafeartsplak wurden is.

It Ignatiusgymnasium yn Amsterdam is ferneamd nei dizze hillige.

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit underwerp hearre, binne te finen yn de kategory Inigo Lopez de Loyola fan Wikimedia Commons .