한국   대만   중국   일본 
IJmuiden - Wikipedy Springe nei ynhald

IJmuiden

Ut Wikipedy
IJmuiden
Noardseekanaal mei IJmuiden rjochts
Noardseekanaal mei IJmuiden rjochts
Polityk
Lan Nederlan
Provinsje Noard-Hollan
Gemeente Felsen
Sifers
Ynwennertal ↓31.925 (2019)
Oar
Koordinaten
Lizzing fan de gemeente Felsen
Lizzing IJmuiden yn de gemeente Felsen

IJmuiden is in havensted yn de gemeente Felsen , yn de provinsje Noard-Hollan . It Noardseekanaal is der mei sluzen mei de Noardsee ferbun. Yn de havenmuning leit it Forteilan , in underdiel fan de Stelling fan Amsterdam .

IJmuiden hat fjouwer havens: de Fiskershaven (Letterkoade IJM) mei in fiskofslach , de hjerringhaven, de IJmunhaven en Seaport Marina IJmuiden , in haven foar de rekreaasjefeart. IJmuiden is sadwaande de tredde haven fan it lan. Allinne de havens fan Rotterdam en Amsterdam binne grutter. IJmuiden is teffens de grutste fiskershaven fan Nederlan . Ut de fiskershaven wei wurdt ek in feartsjinst op Newcastle underhalden.

De namme IJmuiden [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fier foar it utdollen fan it Noardseekanaal, yn 1848, publisearre de sjoernalist Simon Vissering (letter heechlearaar en minister yn it kabinet Van Lynden van Sandenburg ) in artikel der't er in boatreis fan Amsterdam nei "IJ-muiden" (= muning fan it IJ ) yn beskreau. Neidat it kanaal yn 1876 foltoge wie, waard it nije plak dat doe untstie IJmuiden neamd, in earbetoan oan Vissering.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Unstean [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De arbeiders dy't oan it Noardseekanaal wurke hienen, setten har nei wenjen by de Noardseesluzen doe't it kanaal klear wie; guon funen wurk yn de fiskyndustry, mar in protte waarden stokearm. Foardat it IJmuiden fan no boud wie, hjitte it der Breesaap; in keale flakte der't mar in hanfol boerkes in skraal bestean funen. Yn 1851 waard de streek ferkocht oan de undernimmers Bik en Arnold, dy't de oantrun foar de oanlis fan it kanaal joegen, in plan dat al sunt 1626 bestie. Op 8 april 1865 gie de earste bats de grun yn.

Twadde Wraldkriich [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op 12 maaie 1940 sette it prinslik pear juns om 23.00 oere mei de H.M.S. Codrington ut IJmuiden wei of nei Ingelan, it begjin fan de besetting troch Dutslan dy't fiif jier duorje soe. Yn de oarlochsjierren waard IJmuiden diel fan de Atlantikwall en feroare yn in swier befeilige festing, Festung IJmuiden . Ald-IJmuiden by de havens en IJmuiden-Noard oan it kanaal waarden om dy reden foar in grut part ofbrutsen troch de Dutsers. Leden fan de pleatslike fersetsgroep (RVV), der't ek Hannie Schaft by siet, slagge it dochs om fan de lankant yn de festing te kommen en ynformaasje te garjen. Op de Heechovens (under Dutske kontrole) waard al ier sabotearre under oaren troch Jan Brasser ( Witte Ko ). Oare ferneamde fersetsminsken wienen de eardere Heechoven-sjaufeur Jan Bonekamp dy't mei de niis neamden oparbeide hat en de stasjonssjef, De Noo. Plysjes ut IJmuiden kamen fral oan de ein fan de kriich op in minne namme te stean fanwege selsferriking en dubelspul. Sawol de Heechovens, in Dutske Schnellbootbunker as ek havengebouwen waarden mear as ien kear bombardearre troch de alliearden . Op 15 desimber 1944 is noch besocht de Schnellbootbunker te fernielen mei in Tallboybom , mar de bom rekke de bunker net.

Wiken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

IJmuiden hat fjouwer wiken dy't elts in eigen bestjoer hawwe. IJmuiden-Noard, IJmuiden-West en See- en Duinwijk haawe har eigen plysjeburo, der't it haadkantoar fan yn IJmuiden-Noard sit. De branwar hat yn See- en Dunwyk in post.

Wynmunepark [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sa'n 23 kilometer ut de kust fan IJmuiden wurdt arbeide oan in mansk wynmunepark .

Iepenbier ferfier [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

IJmuiden hat in ferskaat oan busferbinings mei under oaren Haarlim , Beverwyk, Heemskerk en Amsterdam. Der is ek in flugge boatferbining mei Amsterdam Sintraal.

Media [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • TV-Stasjon Seaport TV
  • Radiostjoerder Seaport FM
  • De IJmuider Courant , in krante foar IJmuiden en omkriten
  • De Jutter , in wykbled
  • Nieuwsblad IJmuiden , in wykbled

Ferneamde IJmuidners [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Galery [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]