Harderwyk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hurderwyk )
Loftfoto fan it ade sintrum fan Harderwyk

Harderwyk [1] ( Nederlansk en offisjeel: Harderwijk , Nedersaksysk : Harderwiek ) is in sted en gemeente yn de provinsje Gelderlan , mei 49.379 ynwenners ( 1 jannewaris 2024 , boarne: CBS ), en mei in oerflak fan 48,27 km², werfan 10,04 km² wetter.

Etymology [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De namme Harderwyk komt fan 'e fiskefamylje fan 'e harders ( Mugilidae ) en it oerflaktewetter wyk (sydkanaal) .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De sted Harderwyk krige yn 1231 de stedsrjochten fan Greve Otto II . Fan 1285 oant 1628 wie de sted part fan de Hanze . Yn 1503 wie der in grutte bran yn Harderwyk, en hjirtroch en troch it fersanjen fan de Sudersee by Harderwyk naam it belang fan de sted of. Yn 1648 waard hjir de Universiteit fan Harderwyk oprjochte, dy't yn 1811 troch Napoleon wer sletten is. Yn de 19e iuw waard Harderwyk meast in fiskersplak, mar yn de 20e iuw hawwe it toerisme , en de druchlizzen fan Flevolan wer foar groei soarge.

Plakken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De sted Harderwyk is de haadsted fan de gemeente. Fierder heart noch it doarpke Hieren by de gemeente Harderwyk.

Lizzing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Harderwyk leit oan 't Walderwiid , en op de rane fan de Feluwe . De sted leit oan it spoardyk fan Swol nei Utert . Harderwyk hat ek in dolfinarium .

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Busboekje 2005 , Ljouwert, 2005 (KFS), ISBN 9 08 06 25 248 , s. 151.
Gelderlan
Flagge fan de provinsje Gelderlân
Flagge fan de provinsje Gelderlan
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadsted) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Saltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar
wizigje