한국   대만   중국   일본 
Hunzegoa - Wikipedy Springe nei ynhald

Hunzegoa

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hunsingoa )
Hunzegoa
Hunzegoa wie ien fan de San Fryske Seelannen

Hunzegoa is ien fan de trije Ommelannen fan de provinsje Grinslan . It wurdt geografysk ek wol it Hegelan neamd. It haadplak fan Hunzegoa is Winsum (Grinslan) .

Beskriuwing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It goa bestiet sunt 2019 ut de gemeente Hegelan , der't de grinzen praktysk mei dy fan Hunzegoa oerienkomme, en foar 2019 ut de gemeenten De Marne (gemeente) , Winsum eastlik fan it Ryddjip , Iemsmun en it westlik part fan Loppersum en Beem. De namme fan it goa is oflaat fan it rivierke de Hunze , en dus "goa fan de Hunze" betsjut. Lykwols hjit de Hunze yn Hunzegoa hjoed-de-dei de Ryddjip. De Hunze hie eartiids in oare rin en kaam by Piterbuorren yn 'e Waadsee ut en spjalte dermei it goa winliken yn twaen.

De waadeilannen Rottumerplaat , Rottumereach en Suderduntsjes hearre ek ta it goa.

Hunzegoa wie as earste lid fan de Ommelanner Uny en it wichtichste plak wie Winsum, der't de Ommelanner landagen earstoan holden waarden. Oare wichtige plakken binne Saltkamp , Warffum , Beem , Uthuzen en de Iemshaven . Yn Hunzegoa stean de measte boargen fan Grinslan.

Eartiids waard der altiten in Frysk dialekt, it Easterlauwersk Frysk , praat, mar nei it ferienjen fan Sted mei de Ommelannen, is dat Frysk opgien yn it Plat fan de sted, al hat de taal fan it ommelan noch wol in sterk Frysk substraat .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hunzegoa (pears) en de oare kertieren yn de Ommelannen

Hunzegoa, wie lykas de oare Ommelannen in Fryske goa. De Fryske sindeling Liudger krige yn 1787 de goaen Hugmerthi (Humsterlan), Hunusga en Fivelga as misjegebiet tawiiisd. It kleaster fan Fulda krige yn de njoggende iuw in skinking yn Middelstum in pago Hunergewe in regione fresonum . Yn 1057 wurdt de goa Hunzegoa neamd as part fan in greefskip dat troch de Dutske kening Hindrik IV under regintskip fan syn mem skonken waard oan de aartsbiskop fan Hamburch , Adalbert fan Bremen . De Brunoanen hiene it greefskip mooglik earder yn lien han. Yn de alfde iuw waarden der yn Winsum munten slein, der't ut opmakke wurde kin dat it plak it haadplak fan it goa wie. Letter waard Onderdendam it sintrale plak.

Dernei wie Hunzegoa as ien fan de San seelannen part fan de Fryske Frijheid . Ferneamd is it Hunzinger Lanrjocht ut dy snuorje. Yn 1557 giene de Ommelannen fierder mei-inoar oparbeidzjen, wat yn 1561 in offisjeel ferbun waard. Winsum wie it plak der't de Ommelanner jonkers byinoar kamen en de stannegearkomste holden waarden. Winsum hie dan ek wol in stedsk oansjen, mar troch de neite fan de sted Grins krige it lykwols net de kans en waaks ut ta in wiere sted.

De Marne wie ynearsten in part fan it goa Humsterlan ( Westerkertier ), dat him troch it untstean fan it Ryddjip en it oanmeitsjen fan it benefter lizzende feanlan ta in selsstannige seendkrite untjoech.

It goa wie ynearsten underferparte yn twa as trije underkertieren, dy't gearfoelen mei de aldste seendkriten of memmekarspels. Derfan wiene de karspels fan Uskwert en Liens de aldsten. It Westeramt mei as sintrum Baflo foel dernei utinoar yn in noardlike helte, Healamt en in sudlike dy't him wer ofspjalte yn de dielen Ubbega en Middag . De Marne spjalte him yn de fyftjinde iuw of tydlik yn in Easter- en Westerdiel.

It distrikt Middag waard sunt de sechtjinde iuw ek by it Westerkertier rekkene. De ferskate underkertieren hiene in grutte mjitte fan unofhinklikens en de respektivelike fertsjintwurdigers kamen byinoar yn Onderdendam dat op 'e grins fan de wichtichste underkertieren lei. [1]

Yn 1659 waard in nije yndieling ynfierd omreden de oanhaldende skelen, dy't yn 1749 wer opheft waard:

Mune Hunzingoa yn Onderdendam , hjoed-de-dei in bed-en-brochje

Tusken 1830 en 1880 binne likernoch 5.900 minsken ut Hunzegoa wei emigrearre, hast allegear nei de Feriene Steaten . Dat wie twatred fan alle emigraasje ut Grinslan. It grutste part fan de emigranten ut Hunzegoa ferhuze nei West- Michigan of Chicago en in lytser tal nei Lafayette (Indiana) . [2]

Karakter [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn Hunzegoa steane de measte boargen . De bekendsten binne underoaren Menkemaboarch yn Uithuizen en Verhildersum by Liens.

Hunzegoa wurdt skaaimerke troch klaaigrun , greidlan , wierden en diken. Oarspronklik wie Hunzegoa in soad lytser. Troch it bedykjen is der in grute lape lan yn de rin fan de tiid bykommen. Troch it oanslykjen fan it lan troch de jierren hinne is dat lan heger as it alde yndykse lan. As der foldwaande lan oanslike wie, waard besletten ta it bedykjen. Derom is dat part fan Hunzegoa ek bekend as it Hegelan .

Hjoed-de-dei is Hunzegoa fan reedlik ekonomysk belang foar Grinslan. Dat komt troch de Iemshaven yn it easten en it Nasjonaal Park Lauwersmar en it garnaledoarp Saltkamp yn it westen. Fierders is de lanbou tige wichtich.

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hajo van Lengen , Tota Frisia: Sieben Seelande und mehr , yn: Die friesische Freiheit des Mittelalters: Leben und Legende , Auwerk 2003, siden 61-68
  2. Robert P. Swieringa Faith and Family, Dutch Immigration and Settlement in the United States, 1820-1920 , Holmes and Meier Pub., 2000, ISBN 9780841913196