Hubert Kornelisz. Poot
(
Abtswoude
(under Delft),
29 jannewaris
1689
-
Delft
,
31 desimber
1733
) wie in
Nederlansk
dichter
.
Poot wie
boer
, mar fielde him yn it foarste plak dichter. It sukses fan syn yn 1716 publisearre dichtbondel
Mengeldichten
(utjun troch Arnold Willis yn Rotterdam, werprinte yn 1718) brocht him der yn 1723 ta om him ta wenjen te setten yn Delft en him hielendal oan de
literatuer
te wijen. Dat waard lykwols in teloarstelling, Poot waard depressyf, rekke oan de drank en in jier letter gie er werom nei syn doarp.
Yn 1732 troude er mei de frou der't er sa'n tsien jier efteroan sitten hie en ferhuze er opnij nei Delft, der't er in jier letter stoar oan in niersykte.
Poot wie net sa'n orizjineel dichter. Hy skreau in protte gelegenheidsgedichten, der't er in soad sukses mei hie, mar dy't no fergetten binne. By syn libben krige er faak besite fan pommeranten en studinten dy't wolris witte woene wa't dy dichtsjende boer wie. Dichtsjen waard ommers net dien troch minsken fan ienfaldich komof.
Tsjintwurdich is der noch wol wurdearring foar syn
eroatyske
tinte minnedichten, ofkomstich ut syn 'Mengeldichten' (
Mars en Venus' beddepraet
,
De verliefde Venus
en
De maen by Endymion
). Dy waarden yn 1964 as
Minnezangen
, de titel dy't Poot al yn 'e holle hie foar de
Mengeldichten
) apart utjun.
Poot syn natoergedichten (
Akkerleven
,
Nacht
) hearre ek ta syn bettere wurk.
De Schoolmeester
(
Gerrit van de Linde
) skreau in skerp en koart
grefskrift
foar him:
- Hier ligt Poot,
Hij is dood.