Homo erectus

Ut Wikipedy
Plasse fan de Homo erectus

De homo erectus wie in minskeftige dy't om-ende-by 1,9 miljoen oant 400.000 jier lyn op ierde libbe hat. Hy libbe nei alle gedachten nei Homo habilis , mar it kin net utsletten wurde dat beide soarten njonken inoar libbe hawwe. It wurd betsjut rjochtopsteand , dat slacht op it rjochtop rinnen fan de soart. Hy wie ungefear tusken de 1,50 meter en 1,85 meter lang en foarseach himsels fan iten troch te jeien en te sammeljen.

De homo erectus makke in oantal wichtige untwikkelings troch dy't fan krusiaal belang wienen foar de fierdere untwikkeling foar de minsklike soart. Karakterisearjend wie de utfining fan it fjoer . It is net hielendal dudlik hoe, werom't en werfoar't de minske begunen mei it bruken fan fjoer. Neffens de wittenskip hie it benammen te krijen mei tafallichheden. Yn alle gefallen learde de minske it fjoer te behearskjen en makke der gebruk fan. It joech him in protte foardielen, wylde bisten bygelyks koene dermei op ofstan holden wurde en iten mei fynmakke wurde. Mar it wichtichste wie wol dat sy troch fjoer harren waarm halde koene. Troch it fjoer koenen sy ut Afrika wei nei it kaldere Jeropa en Aazje luke. Yn Jeropa binne resten fun fan de Homo erectus dy't 1,5 miljoen jier ald binne.

Oare untwikkelingen dy't dizze minskesoarte trochmakke, wie it meitsjen fan finer ark . Sy dienen dat folle better as har foargongers en untwikkelen as earste de fustbile . Troch dy untwikkelingen koenen sy ek better op bisten jeie.