한국   대만   중국   일본 
Hollywoodheuvels - Wikipedy Springe nei ynhald

Hollywoodheuvels

Ut Wikipedy
Hollywoodheuvels
  berchtme
De Hollywoodheuvels mei lofts it Hollywood Sign.
De Hollywoodheuvels mei lofts it Hollywood Sign .
geografy
diel fan Santa Monicaberchtme
regio Sudlik Kalifornje
lan Feriene Steaten
steat Kalifornje
sifers
hichte 380 m
geology
yndieling leechberchtme
stiensoarte granyt mei oar stiente
kaart
Hollywoodheuvels (Kalifornje)
Hollywoodheuvels
Lizzing yn Kalifornje .

De Hollywoodheuvels of Heuvels fan Hollywood ( Ingelsk : Hollywood Hills ) is in heuvelrech dy't fan east nei west rint yn it noarden fan 'e stedekloft fan Los Angeles , yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje . Se meitsje diel ut fan 'e it gruttere Santa Monicaberchtme en markearje it plak der't de Cahuengapas troch dy bergen rint. Sunt de 1920-er jierren binne de Hollywoodheuvels ferstedske en folboud. Hollywood Hills is sadwaande ek in wyk fan Los Angeles dy't yn 'e heuvels leit. Der steane benammen filla's dy't bewenne wurde troch de riken . Ek is it de lokaasje fan it ferneamde Hollywood Sign .

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Hollywoodheuvels rinne fan east nei west troch de stedekloft fan Los Angeles yn Sudlik Kalifornje . Se lizze dwers oer de Cahuengapas , dy't fan noard nei sud troch it Santa Monicaberchtme giet. Eastlik en westlik fan 'e Hollywoodheuvels is dat berchtme folle heger. De heuvels wurde fan it sudeasten nei it noardwesten trochsnien troch de snelwei U.S. Route 101 .

As wyk fan Los Angeles wurdt Hollywood Hills yn it noardwesten begrinzge troch Studio City , yn it noarden troch Universal City en Burbank , yn it noardeasten troch it park Griffith Park , yn it sudeasten troch de Los Angelynske wyk Los Feliz , yn it suden troch de wyk Hollywood en yn it sudwesten troch de wyk Hollywood Hills West . Hollywood Hills is gearstald ut 'e buerten :

Geology [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De undergrun fan 'e Hollywoodheuvels bestiet ut in komplekse ferminging fan granyt en metamorf stiente , mei dertrochhinne op plakken sanstien en laaistien . Deroerhinne hat him in gauris undjippe toplaach fan brune liemige grun foarme, dy't faak fol mei losse stiennen sit.

In filla yn 'e Hollywoodheuvels, sjoen ut it noardeasten wei, mei fier op 'e eftergrun de Stille Oseaan .

Besjensweardichheden en oare bysunderheden [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neffens gegevens fan it Amerikaanske Folkstellingsburo op grun fan 'e folkstelling fan 2000 hie de wyk Hollywood Hills doe in befolking fan 21.588 minsken . Mei't de wyk in oerflak hat fan 18,3  km² , bedroech de befolkingstichtens 1.179,6 minsken de km². Yn 2008 wie de befolking oanwun ta 22.988 minsken.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2000 sa: 74,1% blanken ; 9,4% Latino's ; 6,7% Aziaten ; 4,6% swarten ; en 5,2% oaren of fan mingd etnysk komof. Fan 'e ynwenners fan 'e wyk wie 22,8% yn it butenlan berne , mei as wichtichste lannen fan oarsprong it Feriene Keninkryk en Meksiko .

De wyk stiet bekend om syn withoefolle filla's , en in grut diel fan 'e ynwenners bestiet dan ek ut riken en superriken . Bekende persoanen ut 'e filmyndustry , de muzyksektor en de sportwrald dy't in filla yn Hollywood Hills bewenje, binne u.o. basketballer Shaquille O'Neal ; sjongers Christina Aguilera , Lady Gaga , Ariana Grande , Billy Idol , Avril Lavigne , Demi Lovato , Britney Spears en Justin Timberlake ; akteurs Jolene Blalock , Kevin Costner , Elisha Cuthbert , Richard Dreyfuss , Salma Hayek , Helen Hunt , Anna Kendrick , Chris Pratt , Keanu Reeves en Rebel Wilson ; komyk Tom Green ; regisseurs Werner Herzog en Quentin Tarantino ; model Gisele Bundchen ; en realitystjer Paris Hilton .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .