한국   대만   중국   일본 
Hendrik fan Meklenburch-Schwerin - Wikipedy Springe nei ynhald

Hendrik fan Meklenburch-Schwerin

Ut Wikipedy
Hendrik van Mecklenburg-Schwerin

Hendrik Wladimir Albrecht Ernst ( Schwerin , 19 april 1876 ? De Haach , 3 july 1934 ), Prins fan de Nederlannen, Hartoch fan Mecklenburg-Schwerin, berne as Heinrich Wladimir Albrecht Ernst Herzog zu Mecklenburg , wie de oarehelte fan keninginne Wilhelmina fan de Nederlannen .

Jonkheid [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hendrik wie it fjirde bern en de tredde soan fan gruthartoch Frederik Frans II fan Meklenburch-Schwerin en dy syn tredde frou prinses Marie fan Schwarzburch-Rudolstadt . Hy hie in aldere suster, Elisabeth (1869-1955), dy't boaske wie oan gruthartoch Frederik August II fan Oldenburch , en twa aldere bruorren, Frederik Willem (1871-1897) en de politikus Adolf Frederik (1873-1969).

Hy hie ek aldere healsusters en fiif aldere healbruorren der't twa fan foar syn berte ferstoaren.

Doe't Hendrik san jier wie ferstoar syn heit. Hy gie nei it gymnasium yn Dresden en makke nei it heljen fan it diploma in reis nei Grikelan , Britsk-Ynje en Ceylon . Dernei hie er in militere karriere en brocht er it ta earste luitenant by it gardebataljon jagers yn Potsdam .

Houlik [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Houliksfoto fan Hendrik en Wilhelmina

Hendrik en Wilhelmina wiene famylje. Tsaar Paul I en dy syn oarehelte Maria Fjodorovna wiene harren mienskiplike oerpakes en oerbeppes. It pear ferloofde him op 16 oktober 1900. De tariedingen foar it houlik waarden beskade troch de dea op 5 jannewaris 1901 fan Wilhelmina har omke gruthartoch Karel Aleksander fan Saksen-Weimar-Eisenach en op 22 jannewaris fan de Britske keninginne Fiktoaria . Derom koene ferskate uttnuge persoanen nei op de houliksdei, 7 febrewaris, komme.

Hendrik untfong de titel Prins fan de Nederlannen mei it predikaat Keninklike Heechheid op syn troudei, mar net de fan de Meklenburgers easke titel Prins fan Oranje . De foarnamme fan de prins Heinrich waard op syn troudei offisjeel fernederlanske ta Hendrik. Om't Wilhelmina it hus Oranje-Nassau heger achte as it hus Meklenburch, bepaalde sy by Keninklik Beslut dat har neisieten de titel Prins(es) fan Oranje-Nassau fiere soene foar dy fan Hartoginne fan Meklenburch.

It houlik tusken Hendrik en Wilhemina wurdt as min omskreaun. It pear groeide ut elkoar. Wilhelmina hie in grut plichtsbesef der't by har efterneef gjin romte foar wie. In oare swierrichheid wie syn oanhaldende jildkrapte, hoewol't er under syn hiele houlik alle jierren fan syn oarehelte in bedrach krige fan 100.000 gune. Hendrik krige gjin jild ut de Nederlanske steatskas. Syn leafhawwerijen kosten in protte en der waard fan him ferwachte dat er as earste jild joech oan nij opsette goede doelen. Ek stipe er earmlestige famylje yn Dutslan. Hendrik syn finansjele tastan waard slim minder doe't nei de Novimberrevolusje yn 1918 syn gruthartochlike talage fan omrekkene sa'n 27.000 gune op jierbasis ophold. It underhald fan syn butenpleats Dobbin drukte sindsdien zwaar op zijn uitgavenpatroon. [1] Teffens gie der jild op oan maitresses . Ek de skandalen der't Hendrik yn behelle rekke, mei troch syn besykjen jildboarnen oan te boarjen, diene it houlik gjin goed. Earst nei syn dea soe Wilhelmina Hendrik better begripe en soe hja syn karakter sels idealisearje.

Juliana [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wilhelmina hie har earste miskream yn novimber 1901. [2] Yn de jierren derne folgen noch in pear miskreamen [3] en naam de spanning ta oer de fraach oft Wilhelmina wol foar in troanopfolger soargje koe of dat de Nederlanske Oranjetakke utstjerre soe en de troan beset wurde soe troch in Dutske prins. Op 22 novimber 1908 makke minister-presidint Theo Heemskerk in nije "vreugdevolle aandoening" buorkundich. Prins Hendrik waard yn 1909 heit fan in dochter, Juliana ; mei har koe er letter tige oerwei.

Maatskiplike funksjes en priveelibben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hendrik hie ferskate earefunksjes yn it leger. Hy waard yn 1901 ta skout-by-nacht en generaal-majoar a la suite beneamd, yn 1904 ta fise-admiraal en luitenant-generaal . Hy hie in sit yn de Ried fan Steat , mar waard troch syn gemalin buten alle politike saken holden ( het is niet aardig meer als je altijd maar voor spek en bonen erbij bent ).

Prins Hendrik wie tige populer by syn personeel, mar bleau foar it folk lange tiid in frjemde. Yn de earste jierren fan syn houlik hie er foaral omtinken foar de jacht en de ferbettering fan de wyldstan op de Feluwe . Ek hie er niget oan boskbou en it dressearjen fan hynders. It jeijen op fral kuorhinnen en wylde bargen waard him troch guonts kwea of naam; syn bynamme wie Varkensheintje . Syn imago ferbettere doe't er yn febrewaris 1907 de redingswurkers besocht dy't in dei earder holpen hiene by it reden fan passazjiers fan de SS Berlin , dy't by Hoeke fan Hollan te sink gien wie.

Leze die er net, allikemin hold er fan learde petearen. Yn syn frije tiid spile er faak pasjanse of puzele er. [4]

Prins Hendrik hie in soad belangstelling foar it sosjale en ekonomyske libben yn Nederlan. Hy soarge foar it byelkoar gean fan de twa destiidske Scoutingorganisaasjes , De Nederlandsche Padvinders Organisatie en De Nederlandsche Padvinders Bond en waard dernei Keninklike Kommissaris fan de feriening Scouting Nederland . Fierder wie er foarsiter fan It Nederlanske Reade Krus en ferfolde er oare funksjes foar de mienskip. Yn 1928 iepene er de Olympyske Spullen yn Amsterdam.

Hendrik libbe frijwat frivoal. Bekend is de anekdoate fan de prins dy't, nei de earepromoasje fan dochter Juliana in petear hie mei har earepromotor, de histoarikus Johan Huizinga . Huizinga sei tsjin de prins: "Uw dochter is erg intelligent en kan goed overweg met haar vrouwelijke jaargenoten" , dernei soe Hendrik mei syn sterk Dutsk aksint andere hawwe: "Dat van die intelligenz heeft ze van haar moeder, dat van die maisjes van mai" . [5]

Francois van 't Sant , in betroude fan Wilhelmina, soe ferskate gefallen beoardere hawwe der't Hendrik yn min of mear sjantearre waard. Yn Hus Windekind , de went fan Van 't Sant yn De Haach, arranzjearre moetingen mei prostituees foar Hendrik; sa koe er wat oersjoch oer dy syn seksuele eskapades halde.

Neist syn leafde foar jeijen, mocht de prins ek graach op it wetter weze. Dy leafde kaam op lettere jierren ta bloei, mei fanwegen it feit dat Wilhelmina him net sa graach oan it hof seach. Yn 1913 liet Hendrik yn Muiden de salonboat Odin bouwe. In jacht fan hast tweintich meter lang, der't er geregeldwei beselskippe fan freonen en freondinnen tochten mei makke.

Prins Hendrik untfong ferskate Nederlanske en frjemde underskiedingen.

De ein [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hendrik bij het Rode Kruis (ca.1930)
Standaard van prins Hendrik als prins-gemaal.

De leste jierren fan syn libben run syn sunens hurd tebek. Syn reuma waard slimmer, hy waard jimmeroan dikker en yn 1929 krige de prins syn earste hertynfarkt. De twadde folgee op 28 juny 1934. Op 3 july 1934, middeis om healwei twaen stoar er yn de aldens fan 58 jier yn syn kantoar oan in sirkulaasjestilstan . Wilhelmina en Juliana wiene der net by.

Sa't Hendrik winske hie waarde er op 11 july 1934 yn it wyt byset yn de Grefkelder fan Oranje-Nassau yn de Nije Tsjerke yn Delft . Nei syn dea die bliken dat er noch skulden hie. In pear wiken nei de bysetting ferskynde in advertinsje yn de deibleden der't Juliana in witte liet of te sjen fan har heite erfenis.

Butenechtelike bern [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jierrenlang wurdt de al grute dat Hendrik mear as ien bern buten it houlik om oanset hawwe soe. Hurd bewiis is nei levere. Nei syn dea betelle Wilhelmina lykwols finansjele fergoedingen foar syn butenechtlike eskapades oan Julia Cervey yn Sjeneve , alle moannen twahundert gune, oan Mien Lier-Wenneker yn De Haach fiifhundert gune en oan Wilhelmine Steiner yn Surich ungefear itselde bedrach. [6]

Literatuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Arlman Hugo & Gerard Mulder; (1982) Van de Prins Geen Kwaad. Prins Hendrik & andere dossiers van Oranje , Amsterdam
  • Jonge, J.A. de; (1988) Hendrik, prins der Nederlanden, hertog van Mecklenburg-Schwerin
  • Korterink, Hendrik Jan; (1992) De zwarte schapen van Oranje
  • Bernd Kasten : Prinz Schnaps. Schwarze Schafe im mecklenburgischen Furstenhaus. Rostock 2009, s. 67?71.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fasseur, Cees (2009, 3e druk) Wilhelmina. Krijgshaftig in een vormeloze jas , s. 81 (e-book) Amsterdam: Utj. Balans
  2. Fasseur, Cees; Wilhelmina. De jonge koningin , Amsterdam: Utjouwerij Balans, s. 251 (2009, e-book, nei fyfde druk 2001).
  3. Der waard fan grute dat dy it gefolch wiene fan de geslachtssykte syfilis fan Hendrik.
  4. Fasseur, Cees; (2008) Juliana & Bernhard. Het verhaal van een huwelijk. De jaren 1936-1956 , s. 10
  5. Berkel, K. van; Wilhelmina en de transformatie van het Nederlandse koningschap , Ons Erfdeel , 2002
  6. Het buitenechtelijk kind van das Gepack prins Hendrik , Trouw , 26 augustus 2011