Hindrik VIII fan Ingelan

Ut Wikipedy
Hindrik VIII, skilder Hans Holbein de Jonge

Hindrik VIII ( Greenwich , 28 juny 1491 ? Westminster , 28 jannewaris 1547 ) wie kening fan Ingelan en Ierlan , stamde ut it hus Tudor , en wie in soan fan Hindrik VII fan Ingelan . Hindrik stiet bekend as it prototype fan de selsbewuste renessanse foarst, de ofskieding fan de Ingelske tsjerke fan de tsjerke fan Rome , syn skrikbewald en om syn seis froulju.

Hindrik woe fan Ingelan in sterk lan meitsje dat in grutte rol spylje soe yn de Jeropeeske polityk. Hy wie yntelligint en ynteressearre him foar keunst en wittenskip. Hy waard ek beskoge as leafdeleas, egoistysk en wreed. Tsjinstribbers, oare helten, of tsjinners dy’t him yn de wei stienen romme hy ut de wei.

Prins fan Wales [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hindrik wie de twadde soan fan Hindrik VII en moast kieze foar in karriere yn it tsjerke. Syn aldere broer Arthur Tudor ferstjert yn 1502 en waard as Prinse of Wales opfolge troch Hindrik. Omdat Hindrik it ferbum mei Spanje opnij besegelje woe troude Hindrik yn 1509 , koart nei de dea fan syn heit en flak foar de kroaning, mei de widdo fan syn broer, Catharina van Aragon . Hindrik wie op dat stuit 17 jier.

Butenlansk belied [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hindrik woe fan Ingelan in sterk lan meitsje dat in grutte rol spylje soe yn de Jeropeeske polityk. Troch him yn ferskillende krigen te stoarten putte hy de skatkiste ut. Ek syn grutte hofhalding en syn prachtige toernoaien kosten in slomp jild. Hindriks butenlanske belied wie net suksesfol, yn de Jeropeeske striid tusken Habsburgers en Frankryk of tusken de reformaasje en de Roomske tsjerke spile Ingelan hast gjin rol.

Doe't hy alder waard learde hy it spul fan de diplomasy better. Hy socht oare wegen om syn macht ter fersterkjen. Hy ferhege de belestings, socht gearwurking mei it legerhus en ferwidere him fan de Roomsk-katolike tsjerke . De mearderheid fan de befolking stipe him, omdat sy der net minder fan waarden. De belestingferhegingen waarden kompensearre troch in gruttere ekonomyske aktiviteiten en de grutte ynflaasje waard kompensearre troch in gruttere taname fan de butenlanske fraach nei Ingelsk guod. Yn 1542 waard Ierlan beset en begun Hindrik in kriich mei Skotlan . Hy helle in oerwinning by Solway Moss .


Ofskieding fan de tsjerke fan Ingelan [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wichtich yn de regearingsperioade wie de Act of Supremacy , de ofskieding fan de tsjerke fan Ingelan, Anglikaanske tsjerke fan Rome yn 1534, werby't Thomas Cromwell en Thomas Cranmer in foarname rol spilen. Ek wienen hjirfoar persoanlike motiven yn it spul. Hindrik wie oarspronklik tsjin de reformaasje, werfoar't hy de titel " Fidei Defensor " (ferdigener fan it leauwe) krige fan Paus Leo X . Doe woe hy it houlik mei syn earste frou, Catharina van Aragon , unjildich ferklearje litte, omdat sy him gjin soan skinke koe. Se hie seis dochters krigen werfan ien, Maria I fan Ingelan yn libben bleau. Hy frege oan Paus Clemens VII om it houlik neatich te ferklearjen. Mar Paus Clemens VII wie op dat momint finzene fan Karel V fan it Hillige Roomske Ryk . It argumint dat Catharina de widdo wie fan Hindrik syn aldere broer wie al net sterk en wie net rjochtfeardich tsjinoar Catharina, dy’t in tante wie fan Karel V. Clemens woe net om lyk. Doe bruts Hindrik mei Rome . Hy konfiskearre it guod fan de katolike tsjerke en dy fan alle kleasters en kongregaasjes . De opbringsten wienen foar de Ingelske kroan en foar syn neiste meiwurkers. De wearze dy’t in soad Ingelsen hienen fan Rome spile him yn de kaart. De titel ‘Fidei Defensor” rekke hy kwyt, mar dy waard letter troch it Ingelske parlemint wer werom jun. Dizze titel is noch altyd in titel dy’t it Ingelske staatshaad draacht. Thomas More en John Fisher , biskop fan Rochester wienen de foarnaamste slachtoffers fan it ferset tsjin de nije tsjerklike polityk. Der wie wol wat ferspraat Roomsk-Katolyk ferset mar de katoliken dy’t harren der by delleinen waarden net steurt. De protestanten waarden wol ferfolge.

Seis froulju [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hindrik VIII is ferneamd wurden as man mei in soad froulju. Hy troude seis kear.

De seis froulju fan Hindrik VIII

By oare froulju sette Hindrik in basterdsoan oan dy’t net rjochtige wie om syn heit op te folgjen. It wie in grutte winsk om in soan te hawwen dy’t de troan bestige soe. Allinnich sa soe de Tudor-dynasty trochlibje en koene Ingelan nije boargeroarloggen besparre bliuwe lykas de Roasenkriich .

Komponist [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hindrik VIII wie net allinnich kening fan Ingelan mar ek in komponist. Fan syn han binne 34 wurken bekend, haadsaaklik ferskes, mar ek ynstrumintale en in trijestimmich motet .

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]