Hernan Cortes

Ut Wikipedy
Hernan Cortes

Hernan Cortes , ek Hernando Cortes , ( Medellin , 1485 - Castilleja de la Cuesta , 2 desimber 1547 ) wie in Spaansk conquistador .

Libben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hernando Cortes wie in ferearme ealman dy’t mei sa'n 600 man syn lok yn de Nije Wrald sykje woe. Fan memmekant wie er besibbe oan Fransisko Pizarro , dy't letter Peru oermasterje soe.
Der moete er in Azteeksk famke dat syn freondinne, assistinte en tolk waard en him beselskippe op syn feroveringstocht troch it Azteekse ryk. Doe’t hy kening Montezuma moete hie (dy’t him net echt hertlik wolkom hiet) begun syn underwerping, it earste jier fredich mar nei dat jier rekken se deilis en waard it in wapene striid.

It slagge Cortes frij ienfaldich it grutte Azteekse ryk te oermasterjen (nettsjinsteande dat er mar mei 600 man wie) dat hie trije oarsaken:

  • De fijannen fan de Azteken advisearren Cortes en leveren troepen
  • De komst fan Cortes foel gear mei de religieuze untheistering fan de Azteken. Neffens harren leauwe kaam der in tige wichtige god by har werom en derom tochten se dat Cortes (dy't der op syn hynder en mei ymposante wapens machtich utseach) faaks in boadskipper wie fan dy god.
  • Troch de sykten ut Europa: pokken , gryp , pest dy't it Azteekse folk net koe en derom deadlik foar harren wiene. Dat leste feroarsake mear slachtoffers as de wapens ea berikt hawwe koene.

Cortes stoar mei 62 jier by Sevilla yn Spanje.

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]