Henri Poincare

Ut Wikipedy
Henri Poincare

Jules Henri Poincare ( Nancy , 29 april 1854 - Parys , 17 july 1912 ) wie in Fransk wiskundige en wittenskipsfilosoof . Poincare wurdt faak beskreaun as de leste fan de "universalisten", by steat om hast alle gebieten fan wiskunde te begripen en deroan by te dragen. Boppedat wie hy mynboukundich yngenieur, wittenskiplik adviseur fan it Franske regear, auteur fan bestsellers en hat hy wichtige stikken fan de spesjale relativiteitsteory untwikkele. Syn neef Raymond Poincare wie presidint fan Frankryk yn de Earste Wraldoarloch .

De bydragen fan Poincare oan de wiskunde wienen funeminteel fan aard, net allinnich oan de wiskunde, mar ek oan de wiskundige natuerkunde en oan de himelmeganika droech hy by. Yn 1911 krige hy foar syn bydragen oan de astronomy de Bruce Medal fan de Astronomical Society of the Pacific . Yn 1905 krige hy al de Matteucci Medal . Hy wie ferantwurdlik foar de formulearring fan it Poincare-fermoeden , in ferneamd probleem ut de wiskunde.

By syn undersyk nei it trijelichemsprobleem wie Poincare de earste dy't in gaoatysk deterministysk systeem untdekte. Hy lei dermei in funemint foar de moderne gaosteory . [1]

Yn 1908 waard Poincare keazen ta lid fan de Academie francaise .

Henri Poincare levere in soad bydragen op ferskate gebieten fan de suvere- en tapaste wiskunde , lykas: himelmeganika , streamingslear , optika , elektrisiteit , telegrafy , kapillariteit , elastisiteit , termodynamika , potinsjaalteory , kwantumteory , relativiteitsteory en de natuerkundige kosmology .

Neist syn wittenskiplike aktiviteiten wie hy ek in popularisator fan de wis- en natuerkunde en skreau hy meardere populerwittenskiplike boeken.

Spesifike tema's, der 't hy oan bydroegen hat:

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Ian N. Stewart: Speelt God een spelletje? : de structuur van de chaos , 1991, Spectrum, Utert