Held

Ut Wikipedy
In byld fan Wilhelm Tell , de nasjonale held fan Switserlan .

In held ( manlike foarm) of heldinne ( froulike foarm) is in libbene , histoaryske , legindaryske , mytyske of fiktive persoan , dy't, as hy of sy konfrontearre wurdt mei gefaar of tsjinrampen, yn syn of har dieden moed , fernimstigens en berettens ta selsopoffering sjen lit yn it foardiel fan in gruttere saak. Sa'n persoan wurdt bewundere om dappere of grutte dieden of om utsunderlike kwaliteiten. It eigenskipswurd dat by 'held' heart, is heldhaftich en it wezen fan in held of heldinne wurdt heldendom neamd.

It idee fan 'e held of heldinne komt ut 'e Aldheid . Yn 'e klassike literatuer ut dat tiidrek, en ek yn 'e ridderromans fan 'e Midsiuwen hie it heldendom almeast te krijen hie mei it leverjen fan fysike striid of it utblinken yn it ien of oar. Helden yn dy sin binne it wichtichste underwerp fan epyske gedichten as de Aldgrykske Ilias en Odyssee en it Aldingelske Beowulf . Letter waard it heldendom utwreide ta in mear algemien moreel utblinken. De held hat yn in ferhaal ornaris de rol fan protagonist . It tsjinstelde fan in held is in smjunt , dy't ornaris de rol fan antagonist hat. It kin lykwols ek weze dat de skriuwer of ferteller de saak omdraait en de smjunt ta protagonist makket of gewoan in protagonist nimt dy't gjin heldhaftige kwaliteiten hat. Yn sokke gefallen sprekt men fan in antyheld .

Helden kinne figueren ut 'e mytology weze, lykas Gilgamesj , Hearakles en Achilles , bibelske persoanen as Simson , David en Elia , personaazjes ut 'e literatuer as Beowulf , Robin Hood en Sherlock Holmes , histoaryske persoanen as Jeanne d'Arc , Davy Crockett en Mahatma Gandhi , sportgrutheden as Muhammad Ali , Michael Jordan en Usain Bolt , en fiktive superhelden as Superman , Batman en Wonder Woman. Der binne ek nasjonale helden of folkshelden , dy't benammen yn ien lan of troch ien folk as held beskoge wurde. Derby kin men tinke oan (de fiktive) Wilhelm Tell yn Switserlan , Giuseppe Garibaldi yn Itaalje , William Wallace , Robert the Bruce en Rob Roy yn Skotlan , Willem fan Oranje yn Nederlan en Grutte Pier yn Fryslan .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .