한국   대만   중국   일본 
Hegumen - Wikipedy Springe nei ynhald

Hegumen

Ut Wikipedy
Sint-Barlaam, de earste hegumen fan it Hoalekleaster fan Kiev

De hegumen , hegumenos , igumen of ihumen ( Russysk : игумен; Servysk : игуман of iguman; Gryksk : ?γο?μενο?; Arabysk : ?????; Oekraynsk : ?гумен; Roemeensk : egumen) is de titel foar it haad fan in kleaster fan de eastersk otterdokse-tsjerken of eastersk-katolike tsjerken . It wurd komt ut it Gryksk (h?goumenos, ?γο?μενο?) en betsjut: 'dejinge dy't de lieding hat'.

De hegumen stiet op deselde foet mei in abt of oerste yn de Roomsk-Katolike Tsjerke . It haad fan in kleaster foar monialen wurdt hegoumena of ihumenia (Russysk: игумения; Gryksk: ?γουμ?νη; Servysk: игумани?а of igumanija) neamd.

De titel waard oarspronklik brukt foar it haad fan hokker kleaster ek. Nei 1874, doe't Russyske kleasters sekularisearre waarden en yn trije ferskate kategoryen underbrocht waarden, waard de titel hegumen allinne foar de leechste klasse reservearre. It haad fan in kleaster fan de twadde klasse krige de status fan archimandryt .
In de Gryksk-Katolike Tsjerke wurdt it haad fan in tal kleasters yn in beskaat gebiet "protohegument" neamd.

De plichten fan in hegumen en archimandryt binne deselde, al wurdt de archimandryt weardiger achte. Yn de Russysk-Otterdokske Tsjerke wurdt de titel hegumen as in earetitel skonken oan eltse preester muonts , ek al bestjoert dy gjin kleaster.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It artikel hegoumen fan de Nederlansktalige Wikipedy