한국   대만   중국   일본 
Sibling - Wikipedy Springe nei ynhald

Sibling

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Healsibling )
De suskes Else en Hanne Benzon.
Peder Severin Krøyer (1851-1909) .

Sibling is in fan oarsprong Ingelske oerkoepeljende term foar in broer of suster (oftewol in bern fan itselde alderpear ), werby't gjin underskie nei geslacht makke wurdt. Dit is in foarm fan earstegraads besibskip . It Frysk noch it Nederlansk hat in eigen wurd mei persiis dy betsjutting. Om't 'broer of suster' in omslachtige omskriuwing is, wurdt de term 'sibling' benammen brukt yn wittenskiplike literatuer op it med fan 'e genealogy en de antropology . De relaasje tusken siblings wurdt oantsjut as siblingskip of (op syn Ingelsk) siblinghood . Seksueel kontakt tusken siblings wurdt yn 'e measte minsklike kultueren as taboe en in foarm fan ynsest beskoge. Nettsjinsteande dat wie it yn it Alde Egypte lykwols wenst dat de farao's mei harren eigen suster trouden, al wie dat in utsundering yn 'e Aldegyptyske kultuer, om't de farao's as goaden beskoge waarden, dy't derom net mei sljochtwei folk trouwe koene.

As in broer deselde mem of deselde heit hat as in mei-sibling, mar net beide, is it in healsibling ( healbroer of healsuster ). In sibling ut in eardere relaasje fan in styfalder is in styfsibling . In bern dat yn it ramt fan 'e pleechsoarch opfongen wurdt yn in pleechgesin is foar de biologyske bern fan syn pleechalden in pleechsibling . In oantroude partner fan jins sibling kin in skoansibling neamd wurde.

It belang en de krekte definysje fan it begryp 'sibling' ferskilt al neigeraden it ofstammingssysteem dat yn in maatskippij hantearre wurdt. Yn 'e Westerske kultuer dominearret datoangeande in foarm fan siblingskip dy't yn 'e antropology oantsjut wurdt mei de term personal kindred ("persoanlike besibskip"). Dat is in foarm fan bilaterale ofstamming werby't utslutend folle siblings ta deselde kindred (besibskipskategory) rekkene wurde as de ik-persoan . De oare foarm fan bilaterale ofstamming is de descending kindred ("ofstammingsbesibskip"), werby't net utgien wurdt fan 'e alden , mar fan eardere foaralderpearen , lykas pakes en beppes , oerpakes en oerbeppes , betoerpakes en betoerbeppes of in noch earder pear. Ofhinklik fan 'e fraach hoefier't men weromgiet, wurde dan dus ek neven en nichten , efterneven en efternichten , ensfh. ta jins siblings rekkene.

It tsjinstelde fan 'e bilaterale ofstamming is de unilineere ofstamming , dy't sterk liket op 'e descending kindred -fariant fan 'e bilaterale ofstamming, mei as ferskil dat of de famylje oan heitekant ( patrilineere ofstamming ) of dy oan memmekant ( matrilineere ofstamming ) bepalend is. As de kultuer yn sa'n gefal patriargaal is, lykas dy fan 'e lanseigen Hawaianen , binne jins siblings dus de bern fan deselde alden en neven en nichten oan heitekant, mar net de neven en nichten oan memmekant. Is de kultuer matriargaal , lykas by de Yndiaanske Irokezen , ut it gebiet fan 'e Grutte Marren fan Noard-Amearika , dan is it krektoarsom. By de Irokezen is it trouwens noch yngewikkelder, mei't der ek de saneamde parallel cousins en cross cousins in rol spylje, de bern fan siblings fan gelikense sekse en dy fan siblings fan ungelikense sekse, werby't mei cross cousins troud wurde kin, mar mei siblings en parallel cousins beslist net.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Kloos, P. , Culturele Antropologie: Een Inleiding , 2002 (Koninklijke Van Gorcum).
Besibskip
earstegraads besibskip
alden  ( heit  ? mem ) | bern  ( soan  ? dochter ) | sibling  ( broer  ? suster )
twaddegraads besibskip
pake en beppe  ( pake  ? beppe ) | pake- en beppesizzer  | omke  | muoike  | omke- en muoikesizzer  | healsibling  ( healbroer  ? healsuster )
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe  ( oerpake  ? oerbeppe ) | oerpake- en -beppesizzer  | aldomke  | aldmuoike  | aldomke- en -muoikesizzer  | neef  | nicht  | healomke  | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe  ( betoerpake  ? betoerbeppe ) | betoerpake- en -beppesizzer  | oeraldomke  | oeraldmuoike  | oeraldomke- en -muoikesizzer  | efterneef  | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte  ( man  ? frou ) | skoanalden  ( skoanheit  ? skoanmem ) | sweager  | skoansuster  | skoanbern  ( skoansoan  ? skoandochter ) | oantroude omke  | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfalder  ( styfheit  ? styfmem ) | styfbern  ( styfsoan  ? styfdochter ) | styfsibling  ( styfbroer  ? styfsuster ) | styfpake  | styfbeppe  | styfpakesizzer  | styfbeppesizzer  | styfomke  | styfmuoike  | styfomkesizzer  | styfmuoikesizzer
oar
adopsje  | allinnichsteande alder  | bloedsibskip  | famylje  | foaralden  | foarbern  ( foarsoan  ? foardochter ) | generaasje  | gesin  | hushalding  | ienlingsbern  | neiteam  | oansibskip  | oerwun bern  | ofstamming  | pleechgesin  | probandus  | list fan beneamings foar generaasjes