Harmen Beekkerk

Ut Wikipedy

Harmen Wouter Beekkerk ( Ljouwert , 18 novimber 1756 - dere, 3 juny 1796 ) wie in Frysk keunstskilder .

Hy krige underrjocht fan Johannes van Dreght yn Amsterdam fan 1774 oant 1776. [1] Carel Jacob van Baar van Slangenburgh , Petrus Groenia , Willem Bartel van der Kooi en Aldert Jacobs van der Poort wiene syn learlingen. Fan 1777 oant 1796 wenne en wurke er yn Ljouwert. [2]

Beekkerk skildere meast behangsels, portretten, histoarjestikken , allegoryen, en somtiids in lanskip. Wurk fan him hinget yn de fertrekkeamer fan it Ljouwerter stedhus en yn it Frysk Museum .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Jierboek Gen. Wurkferban (1946) side 36-43
  • Catalogus 100 Jier Fryske Skilderkeunst
  • Brouwer, J.H., en oaren (red.) , Encyclopedie van Friesland , Amsterdam: Elsevier 1958, Beekkerk, Harmen Wouter .
  1. Scheen 1981
  2. Beekkerk by it RKD