Hans Brian

Ut Wikipedy
Hans Brian
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysunderheden
echte namme Johannes Franciscus Maria Brian
nasjonaliteit Nederlansk
berne 19 jannewaris 1940
berteplak Amsterdam
stoarn 7 juny 2022
stjerplak Son
wurkpaad
wurksum as Sport kommentator
medium tillefyzje
wurksum by NOS
jierren aktyf 1976 - 2005
Hans Brian
sporter
sportive ynformaasje
sport Rugby
trener Jierren 60,
bunscoach Nederlansk rugbyteam
debut 1956
karriere-ein 1963

Johannes Franciscus Maria (Hans) Brian ( Amsterdam , 19 jannewaris 1940 ? Son , 7 juny 2022 ) wie in Nederlansk rugbyspiler , - coach, sportsjoernalist, sportkommentator en telefyzjepresintator.

Karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Brian spile fan 1956 of rugby by AAC en kaam fan 1959 of ut foar it Nederlanske rugbyteam. Yn 1963 moast er fanwegen in blessuere ophalde. Hy die de ALO en wie yn de jierren 1960 bunscoach fan it Nederlanske rugbyteam. Ek sette er him yn foar de begelieding fan rugbytrainers en - skiedsrjochters. Yn 1970 gie Brian op de sportredaksje fan De Telegraaf wurkjen. Yn 1976 makke hy de oerstap nei de NOS . Der waard Brian sportkommentator en hie njonken rugby ek hockey as spesjalisaasje werby't hy ferskate grutte finales bekommentariearre. Ek wie er feste kommentator by tafeltennis , badminton en auto- en motorsport; de TT Assen , Formule 1 en Parys-Dakar . Hjirneist wie er earst wurksum as gymlearaar under oare op in middelbere skoalle yn Eindhoven . En dernei hie er in steffunksje op de kommunikaasje-ofdieling fan DAF . Tussen 1985 en 1987 presenteerde Brian voor de NCRV de spelshow It's All in the Game . Yn 2005 hold er op by de NOS. Brian waard yn 2007 lid fan fertsjinste fan de Nederlanske Rugby Bun en yn 2016 waard dat opwurdearre ta earelid. Hy wie ek yn 2004 beneamd ta lid fan fertsjinste fan de KNHB .