Hannah Van Buren
Hannah Hoes Van Buren
(
Kinderhook
,
8 maart
1783
?
Albany
,
5 febrewaris
1819
) wie in
Amerikaanske
frou dy't bekend wurden is omdat sy de frou fan de lettere, achtste
presidint fan de Feriene Steaten
Martin Van Buren
west hat.
Fan 1807 oant har ferstjerren wie hja mei him troud. Sy stoar mei 35 jier oan
tuberkuloaze
, santjin jier foardat har man keazen waard as presidint. Derom hat hja ek nea de
First Lady
west. Martin Van Buren is net opnij troud. Yn syn amtsperioade naam syn skoandochter
Angelica Van Buren
de plichten fan
First Lady
op 'e noed.
Hannah Van Buren waard bedobbe yn har bertedoarp Kinderhook, der't har man ek berne wie en ek ferstjerre soe.
Hannah's alden hjitten
Johannes Dircksen Hoes
(
1753
-
1789
) en
Maria Quakenbush
(
1754
-
1852
). Hannah en Martin van Buren waarden tegearre grut yn Kinderhook. Hja gienen nei de pleatslike skoalle by juffer Vrouw Lange. Harren
earste taal
wie
Nederlansk
.