Hamilton Somers Luske
(
Chicago
,
16 oktober
1903
-
Bel Air
,
18 febrewaris
1968
) wie in
Amerkaanske
animator
en
filmregisseur
.
Hy kaam yn 1931 by de
Walt Disney Productions
animaasjestudio. By de produksje fan de film
Snow White and the Seven Dwarfs
wie er de haadanimator dy't ferantwurdlik wie foar it utbyldzjen fan Sniewytsje. Yn dy rol kaam er op it idee om akteurs as libbene modellen foar de animaaasjes te bruken. Nei it sukses fan 'Sniewytsje' regissearre en mei-regisearre ferska Disneyprojekten, under oaren de koarte film
Ben and Me
dy't in Oscarnominaasje krige.
De film
Cinderella
, regissearre troch Hamilton Luske, wun de
Gouden Bear
yn 1951. Yn 1965 wun er, tagelyk mei Peter Ellenshaw en Eustace Lycett, de
Academy Award
foar spesjale effekten foar de film
Mary Poppins
.
Yn 1999 waard Luske postum eare as ien fan de Disney Leginden.
Yn 2016 krige er de
Retro Hugo Award
foar
Pinocciho
.
In kar: