한국   대만   중국   일본 
Halligen - Wikipedy Springe nei ynhald

Halligen

Ut Wikipedy
De Noard-Fryske eilannen (Halligen yn 't ljochtgrien)

De Halligen foarmje in groep eilantsjes yn it noardlik part fan de Noardfryske Waadsee . It binne in tsiental eilannen dy't net beskerme wurde troch diken en derom by hege floed under wetter rinne. Hjirtroch is op dizze eilannen in bysundere natuer untstien. Op de kwelders wurdt fee halden en fierders wurdt op de eilannen fertsjinne oan toerisme.

In Warft op de Hallig Hege

Yn totaal wurde op it stuit fiif fan dizze eilannen foar fest bewenne: Nees , Olan , Nordstrandischmoor , Hege en Groue . Om dochs wat beskerme te wezen tsjin de see hawwe de minsken hichten opsmiten, fergelykber mei de terpen en wierden oan de sudlike Waadkust. Yn Noard-Dutslan wurde dizze Warf, Warft, Wurt, Wurth, Warb, Werf of Werft neamd, ofhinklik fan it pleatslike dialekt.

Op de Halligen wurdt Noard-Frysk dialekt sprutsen, it Hallichfrysk . Lykwols is it tal sprekkers lyts en bestiet tsjintwurdich it gefaar dat it dialekt utstjerre sil.

Fjouwer fan de Halligen binne ferbun mei de festewal. Fan Hamburger Hallig of, der't gjin minsken foar fest wenje, rint in daam nei de wal, wertroch't safolle lanwinning plak fun hat dat de Hamburger Hallig no einliks in skiereilan wurden is. Fan Nees en Olan en Nordstrandischmoor of is de kust te berikken fia twa lorriespoarbanen . Hege en Grode binne de ienige bewenne Halligen dy't gjin feste ferbining hawwe mei de wal.

De Halligen der't gjin minsken wenje meitsje diel ut fan it nasjonaal park Sleeswijk-Holsteinske Waadsee ( Nationalpark Schleswig-Holsteinisches Wattenmeer ).

List fan Halligen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

 
Fryske eilannen

Westfryske eilannen :
Noarderheaks - Teksel - Flylan - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelan - de Kalkman - Rif - Skiermuntseach - Simenssan - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderduntsjes
Eastfryske eilannen :
Boarkum - Kachelotplate - Lutje Horn - Memmert - Just - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen :
Helgolan - Jongnammensan - Knyp - Japsan - Sudereachsan - Noardereachsan - Noardstran - de Halligen - Palweerm - Oomram - Feer - Uthorn - Sol - Koardesan - Jordsan - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwun : Bant - Bosk - Buise