한국   대만   중국   일본 
Haatmisdriuw - Wikipedy Springe nei ynhald

Haatmisdriuw

Ut Wikipedy

In haatmisdriuw (of yn it Ingelsk hate crime ) is in misdriuw werby't de dieder motivearre wurdt troch de foaroardielen dy't er hat tsjin in beskate maatskiplike groepearring, lykas in etnyske , rasiale , religieuze groep, of minsken mei in beskate seksuele oriintaasje of geslachtsidentiteit . De underlizzen psychologyske oarsaak is yn 'e regel dat de dieder him yn syn persoanlike identiteit bedrige fielt troch lju dy't der oars utsjogge, in oare hudskleur, kultuer, taal, religy, seksueel aard of geslacht hawwe. De measte haatmisdriuwen falle yn 'e kategoryen narjen, lestich fallen, misledigings, utskellerij, driichbrieven, haatmail , fandalisme (faak yn 'e foarm fan graffity ) en gewelddieden , mar ferkrefting en moard komme ek foar. De measte Westerske lannen hawwe tsjintwurdich wetten dy't spesifyk tsjin haatmisdriuwen rjochte binne; misdriuwen fan dit type wurde de dieders swierder oanrekkene as ferlykbere misdriuwen dy't gjin diskriminearjend motyf hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .