한국   대만   중국   일본 
Guido Gezelle - Wikipedy Springe nei ynhald

Guido Gezelle

Ut Wikipedy
Guido Gezelle
persoanlike bysunderheden
berop poeet , school teacher [*] , skriuwer , Catholic priest [*] , filolooch [*] , folklorist [*] , spiritual director [*] , position classification of teachers [*] , curate [*] , political reporter [*] , heechlearaar , prorector [*] , oersetter [*] , redakteur
lan Belgje
geslacht man
berne 1 maaie 1830
berteplak Brugge
stoarn 27 novimber 1899
stjerplak Brugge
famylje
heit Pieter Jan Gezelle [*]
mem Monica De Vriese [*]
bruorren en susters Louise Gezelle [*] , Florence Gezelle [*] , Romaan Gislijn Gezelle [*] , Joseph Gezelle [*]
Guido Gezelle op it nei him neamde plein yn Brugge
Bertehus Guido Gezelle

Guido Pieter Theodorus Josephus Gezelle ( Brugge , 1 maaie 1830 - dere, 27 novimber 1899 ) wie in Flaamske lyryske en stikel dichter , oersetter en pastoar. Hy is meast bekend om syn fynfielige gedichten oer de natoer, syn byldzjend taalgebruk en as firtuoas taalkeunstner. O 't ruischen van het ranke riet en Het Schrijverke ut de dichtbondel Vlaamsche Dichtoefeningen (1858) binne mar twa fan syn meast ferneamde wurken.

De tematyk fan syn gedichten is typysk romantysk , mei underwerpen as natuer , freonskip en de dea . Hy is ferneamd om it bruken fan it West-Flaamske dialekt .

Libben en wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Gezelle waard berne yn Brugge yn de provinsje West-Flaanderen as soan fan Monica Devrieze en tunman Pieter Jan Gezelle. De Flaamske skriuwer Stijn Streuvels (Frank Lateur) wie in neef fan him. Gezelle waard ta preester wijd yn 1854 en wurke as learaar oan it Klein Seminarie yn Roeselare . Hy wie altyd ynteressearre yn alles wat mei Ingelsk te krijen hie en waard kapelaan yn it Ingelske kleaster yn Brugge. Hy stoar der yn in lyts keamerke, der 't it noch altyd ferbean is om yn te kommen.

Der is in museum fan syn wurk yn de buert en ek in lytse bar dy 't nei him ferneamd is.

Hy besocht in unofhinklike Flaamske taal te untwikkeljen, min ofte mear skieden fan it algemiene Nederlansk , dat bepaalde mear "Hollanske" aspekten hie. It Nederlansk dat er yn syn gedichten brukte wie sterk beynfloede troch it pleatslikee West-Flaamske dialekt. Syn wurken binne faak ynspirearre troch syn mystike leafde foar God en de Skepping. Letter waard syn poezije assosjearre mei it literere ympresjonisme, en hy wurdt beskoge as in foarrinner fan dy beweging.

Gezelle wie ek oersetter fan poezij en proaza , no 't it meast bekend om syn oersetting fan Henry Wadsworth Longfellow 's Song of Hiawatha , dy't yn 1886 publisearre waard. Hy hie it orizjineel al yn 1856 yn Roeselare lezen en wie deryn ynteressearre omdat er oan de iene kant fol siet fan Amerikaanske Yndianen en oan de oare kant de beskriuwing fan kristlike misjonarissen him befoel.

Fanwegen syn taalkundige masterskip wurdt Gezelle beskoge as ien fan de wichtichste dichters fan de Nederlanske literatuer .

Gezelle en Fryslan [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Gezelle fielde in freonskipsban mei Fryslan en wie kenner fan de Fryske taal. Hy skreau mei Johan Winkler dy't him yn 1874 ek bekend makke yn Noard-Nederlan. Gezelle skreau in Frysk gedichtsje foar Winkler. Wurk fan Gezelle is yn it Frysk oerset troch J. J. Hof , Gerben Rypma , A. M. Wybenga en oaren. [1]

Priuwke [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Als de ziele luistert
spreekt het al een taal dat leeft,
't lijzigste gefluister
ook een taal en teeken heeft:
blaren van de boomen
kouten met malkaar gezwind,
baren in de stroomen
klappen luide en welgezind,
wind en wee en wolken,
wegelen van Gods heiligen voet,
talen en vertolken
't diep gedoken Woord zoo zoet..
als de ziele luistert!

1859
Ut: Driemaal XXXIII kleengedichtjes

Bibliografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In kar:

  • Kerkhofblommen (1858)
  • Vlaemsche Dichtoefeningen (1858)
  • Kleengedichtjes (1860)
  • Gedichten, Gezangen en Gebeden (1862)
  • Longfellows Song of Hiawatha (oersetting, 1886)
  • Tijdkrans (1893)
  • Rijmsnoer (1897)
  • Laatste Verzen (1901)

Literatuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Guido Gezelle: Verzameld dichtwerk . Redaksje Jozef Boets, mei gearwurking fan K. De Busschere e.o. Antwerpen/ Amsterdam, De Nederlandsche Boekhandel, 1980-1991. 8 dielen.
  • Johan van Iseghem: Gezelle vertaald. Een meertalige bloemlezing . Kapellen, Pelckmans, 2003. ISBN 90-289-2757-3 . In kar fan gedichten mei hieltyd de Franske, Dutske, Ingelske en/of Latynske oersetting. It foarwurd jout in koart oersjoch fan Gezelles untwikkeling
  • Jozef Boets: Gij ..., met uw zwart habijt en uwen bek van goud. Spreuken, gezegden en korte verzen . Kapellen, De Nederlandsche Boekhandel, 1986
  • Michel van der Plas : Mijnheer Gezelle. Biografie van een priester-dichter (1830-1899) . Tielt/ Baarn, Lannoo/ Anthos, 1990 (608 s.)

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Brouwer, J.H., en oaren (red.) , Encyclopedie van Friesland , Amsterdam: Elsevier 1958, Gezelle, Guido .