한국   대만   중국   일본 
Grytman - Wikipedy Springe nei ynhald

Grytman

Ut Wikipedy

In grytman (letterlik: 'hy dy't groetet') wie rjochter en bestjoerder fan in gritenij yn de provinsje Fryslan en yn it Westerkertier fan de provinsje Grinslan .

Oarsprong [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Troch de greven wie de funksje fan skelta ( skout ) yntrodusearre. Doe healwei de 12e iuw yn Fryslan it greeflik gesach begun of te takeljen en stadich oan it tiidrek fan de Fryske frijheid untstie ferdwun ek de skelta ut Fryslan. Derfoar yn it plak kaam de grytman opsetten. Yn Easterlauwersk Fryslan waarden dizze persoanen mei redjeva oantsjut [1] .

Oarspronklik halde er him foaral dwaande my de rjochtspraak. Oars as foarhinne de skelta en asega hie er beide funksjes yn him, mei dit ferskil dat er net troch in Hear keazen waard mar troch it Folk . Lykwols hie allinnich de eigeners of brukers fan pleatsen fan in beskate omfang stimrjocht. De grytman hie dan ek in soad stimhawwende pleatsen . Yn de rin fan de tiid waard de grytman ornaris keazen ut de groep fan haadlingen , mar fan de Saksetiid of waarden de grytmannen om bar keazen of oanwiisd, troch gearwurking fan de steedhalders en Deputearre Steaten .

De grytman beneamde tadiene boeren as bysitters , dy't fan gewicht wiene by de rjochtspraak en de grytman assistearren by it bestjoer. Offisjeel wie de beneaming foar ien jier, mar yn de praktyk bytiden tritich jier of oant de dea.

Ek beneamde de grytman yn elts doarp in eigen doarpsrjochter . Dy rjochte yn ienfaldige saken, bemiddele by skelen en hie tafersjoch op de feiligens. Ek liet er plakkaten skriuwe dy't yn it doarp oanplakt waarden, faak op de tsjerkedoar.

Fan grytman nei boargemaster [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Beside de rjochtspraak soarge de grytman ek foar it bestjoer yn de Fryske gritenijen . De alve Fryske steden hienen boargemasters.

Yn it ferline waard wol tocht dat de heraldyske Fryske Earn it foarrjocht fan in grytman en syn neisieten wie.

De Gemeentewet fan Thorbecke (ofkundige yn 1851 ) makke fan de Fryske grytmannen boargemaster . De funksje fan grytman wurdt wol ris fergelike mei it hjoeddeiske boargemastersamt . By de ynfiering fan de Gemeentewet yn 1851 waard yn Fryslan de grytman as haad fan it bestjoer oer in gritenij/gemeente ferfongen troch de boargemaster. Dat is dan ek wol hast de ienige oerienkomst fan beide funksjes.

Moat in boargemaster skipperje tusken in soad utersten fan winsken en easken fan syn amtnerkorps en kompromissen slute tusken de feroarjende ynsichten fan gemeenteriedsleden, de grytman wie gewoan de baas yn de gritenij. Net allinnich op bestjoerlik med, mar iuwenlang ek op it med fan rjochtspraak en lytse kriminaliteit. Hy hie it tafersjoch oer in nedergerjocht yn syn gritenij en hie sels rjocht op in persintaazje fan de opleine boetes. In tige lukrative funksje, dy't troch party grytmanen noch ris ekstra utmolken waard. Uteraard hienen se der harren striemamnnen foar en sels it utfieren fan it amt lieten se faak oan oaren oer. De sekretaris fan de gritenij wie faak de feitlike bestjoerder. Dy waard der allyksa meast knap ryk fan.

Troch harren grutte rykdom en it feit dat se lange tiid net ferplichte wienen (kontinu) yn de gritenij te wenjen der't se oer hearsken, hienen in soad grytslju stedsfilla’s bouwe litten der't se har benammen winterdeis komfortabel en mids alle gemakken yn it sosjale libben stoarten. In foarbyld hjirfan is it grytmanshus yn de sted Ljouwert

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. E. Engelsma (2010), "De Grote Friese Oorlog, side 9 .