한국   대만   중국   일본 
Groue (eilan) - Wikipedy Springe nei ynhald

Groue (eilan)

Ut Wikipedy
Kaart fan Groue mei de omkriten fan de hallig.

Groue-Appellan ( Dutsk : Grode , Deensk : Grøde ), koartwei Groue , is in Hallig yn de Waadsee by Dutslan . It is ien fan de Noard-Fryske eilannen. It eilan leit westlik fan Habel en is likernoch 2,5 kante kilometer grut. Groue makket underdiel ut fan de gemeente Groue , ien fan de lytste gemeenten fan Dutslan. Der wenje 13 ynwenners op Groue.

Bestjoerlik makket Groue underdiel ut fan it amt Palweerm yn de dielsteat Sleeswyk-Holstein .

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Groue bestie earder ut twa eilannen: Groue en Appellan. Om 1900 hinne waard it wetter tusken de twa Halligen ofdamd, wertroch dit hieltyd fierder tichtslibbe en de twa Halligen ien waarden. Sunt dy tiid is Groue de tredgrutste Hallig.

De Knudswarft yn 1895.

Op Groue lizze twa terpen. Op de Knudswarft libje seis famyljes yn fjouwer huzen. Op de Kirchwarft stiet in lang gebou, weryn har de tsjerke en de skoalle befine. Yn de tsjerke stiet in altaar ut 1592 . Groue hat gjin eigen pastoar, de tsjerketsjinsten op Groue wurde troch de pastoar fan Nees (eilan) jun. De skoalle is de lytste skoalle fan Dutslan, it hat mar ien skoalmaster en wurdt trochstring troch 2 learlingen besocht. Op de terp stiet ek de wenning fan de skoalmaster.

Op de Knudswarft besteane oernachtingsmooglikheden, der is in kiosk en in postkantoar.

Groue stiet trochstrings 100 kear yn it jier under wetter.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn alde tiden makke Groue, mei Appellan en Habel, underdiel ut fan de uthlande. De Halligen waarden troch stoarmfloeden fan it feste lan skieden en moast troch neikommende floeden en de seestreamingen fierder lan ynleverje. Yn de Floed fan 1634 kaam der op de Halligen ien om it libben. By de Halligfloed fan 1825 stoarten acht fan de 34 huzen yn. Ien fan de trije terpen op Groue waard hielendal fuortslein. Yn 1825 wennen der noch 90 minsken op it eilan. Yn 1874 wie dit tal al mei de helt omleech gien. Oan de begjin fan de 20e iuw waarden Groue en Appellan ien troch it yndamjen fan lan.

De Kirchwarft op Groue. Lofts de tsjerke mei it tsjerkhof, rjochts de skoalle.

Yn 1976 waard Groue op it stream en wetternetwurk fan de feste wal oansluten.

Ekonomy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De minsken op Groue krije harren ynkomsten fan de ferhier fan fakansjewennings oan toeristen. Derneist wurdt der ek oan lanbou dien. Hjirby wurdt in mienskiplik stik lan underhalden.

Ferkear [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op Groue sels komt gjin autoferkear foar.

De MS Rungholt fart fan Schluttsiel nei Groue. Mar in feste fartsjinst is der net.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

 
Fryske eilannen

Westfryske eilannen :
Noarderheaks - Teksel - Flylan - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelan - de Kalkman - Rif - Skiermuntseach - Simenssan - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderduntsjes
Eastfryske eilannen :
Boarkum - Kachelotplate - Lutje Horn - Memmert - Just - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen :
Helgolan - Jongnammensan - Knyp - Japsan - Sudereachsan - Noardereachsan - Noardstran - de Halligen - Palweerm - Oomram - Feer - Uthorn - Sol - Koardesan - Jordsan - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwun : Bant - Bosk - Buise