Gref

Ut Wikipedy
Greven op it begraafplak Meppelerstrjitwei yn Swol .

In gref of leste restplak is in plak der't in lyk (yn 'e regel dat fan in minske , mar soms ek dat fan in bist ) nei it ferstjerren pleatst is. Meastal giet it derby om in stik grun butendoar der't sa'n lyk begroeven ( beierdige ) is. It komt lykwols ek foar dat greven binnendoar binne. Sa waarden foarhinne notabelen wol yn 'e tsjerke beierdige, en ek de pleatsing fan in lyk yn in boppe-grunske of undergrunske keamer of greftombe komme foar. As it om in boppegrunske keamer giet, sprekt men fan in mausoleum , wylst in undergrunske keamer in grefkelder neamd wurdt. Yn guon kultueren wurde liken by wize fan beierdiging yn spelonken of rotsholten pleatst. As derby neitiid sprake is fan ofsluting fan 'e spelonk of rotsholte, hjit dat ynmitseling en wurdt nei it ofsletten diel ferwiisd as in grefnis . Ek komt it gauris foar dat der grefgeskinken yn it gref pleatst wurde dy't de ferstoarne yn it hjirneimels bruke kin.

Yn 'e Westerske kultuer is it oer it algemien lykwols wizansje om it lyk fan 'e ferstoarne nei de dea yn in deakiste te beierdigjen yn 'e grun fan in tsjerkhof (it perseel lan dat om in tsjerke hinne leit) of yn 'e grun fan in oar begraafplak dat spesjaal foar dat doel reservearre is. Derby wurdt meastal in grefsark fan moarmer of in oare stiensoarte rjochtopsteand oan it hollenein fan it gref set of der lizzend boppe-op pleatst. Soms wurdt oan it hollenein in steand houten krus (it symboal fan it kristendom ) tafoege. It komt ek foar dat liken nei de dea kremearre wurde. Yn sokke gefallen is der oer it algemien gjin sprake fan in gref, al is it mooglik dat de jiske neitiid dochs noch begroeven wurdt. Dernjonken is it ek mooglik dat de urne mei de jiske op in tsjerkhof of begraafplak yn in utsparring yn in urnemuorre pleatst wurdt.

In massagref is in gref weryn't in grut tal minsken begroeven binne. Soks komt foar as der in protte liken te begraven binne, bygelyks nei in natoerramp , in epidemy of in mei opsetsin troch oare lju oanrjochte bloedbad . In spesjaal soarte fan gref is in seemansgref , werby't it lyk fan in opfarrende fan in skip op see oerboard smiten wurdt. In oarlochsgref is yn Nederlan in gref mei in spesjale beskerme status fan immen dy't yn 'e Twadde Wraldoarloch yn 'e striid tsjin 'e Dutske besetter sneuvele of troch de Dutsers eksekutearre is.

Men wurdt achte greven foechsum te behanneljen, sawol ut respekt foar de deade , as ut meilibben mei de djipdroven . Fandalisearring fan begraafplakken wurdt dan ek beskoge as in tige minne die, dy't bestrafber is as misdriuw . It iepenbrekken fan greven is in noch helte minder misdriuw, dat grefskeining hjit. Lykwols is it foar argeologen tige gongber om greven ut 'e prehistoarje , de Aldheid en de Midsiuwen iepen te brekken. It ferskil liket dermei te lizzen oan 'e alderdom fan in gref. De argeology kin in protte ynformaasje ut in gref helje, lykas hoe't de ferstoarne foar syn dea libbe , hoe't er stoarn is en hokfoar opfettings oft syn kultuer oer de dea en it hjirneimels hie. As der grefgeskinken binne, kin der noch mear ut oflaat wurde oer de kultuer fan 'e deade. Tsjintwurdich binne unskeinde greven troch de yntrede fan 'e argeogenetika in noch wichtiger boarne fan ynformaasje as foarhinne. Yn dat ramt wurde by argeologysk undersyk fan greven beskermjende klean droegen om besmetting mei modern DNA foar te kommen. Net eltsenien fynt it iepenbrekken fan greven foar wittenskiplik undersyk talitber. Yn 'e Feriene Steaten fersette de Yndianen har bygelyks fuleindich tsjin it fersteuren fan 'e rest fan harren foaralden , en sunt yn 1990 nei lang krewearjen fan 'e Yndianen de Native American Graves Protection and Repatriation Act (NAGPRA) oannommen waard, is dat ek net mear tastien.

Greven op in begraafplak yn Eastenryk .

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Wikiwurdboek-side - gref

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .