한국   대만   중국   일본 
Goaiingaryp - Wikipedy Springe nei ynhald

Goaiingaryp

Ut Wikipedy
Goaiingaryp
Tsjerke
Tsjerke
Polityk
Provinsje Fryslan
Gemeente De Fryske Marren
Sifers
Ynwennertal 245 ( 1 jannewaris 2023 ) [1]
Oerflak 9,29 km²
lan: 3,20 km²
wetter: 6,10 km²
Befolkingsticht. 75 ynw./km²
Oar
Tiidsone UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koordinaten 53° 0' N 5° 46' E
Offisjele webside
Side fan Goaiingaryp
Kaart
Goaiïngaryp (Fryslân)
Goaiïngaryp
Kaart
Tsjerke
Himrik fan Goaiingaryp yn de eardere gemeente Skarsterlan

Goaiingaryp is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren , oan de eastkant fan de Goaiingarypster Puollen . De buorskip Ballingboer falt under it doarp.

It doarp hat 245 ynwenners ( 1 jannewaris 2023 , boarne: CBS ).

Etymology [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De namme Goaiingaryp komt fan Goai (in persoansnamme), gea ( doarp ) en ryp (stripe). Goingarijp leit op 'e ein fan untginningsstripen dy't harren oarsprong hawwe yn it doarp Goaiingea .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Pleats It String

Goaiingaryp is untstien op in sanrech der't de minsken feilich wienen foar oerstreamings dy 't der faak wienen yn de Lege Walden . De huzen waarden boud oan in streamke of rivierke, sadat in streekdoarp untstien is. Dy rivierkes fierden harren wetter of fia de Boarn nei de Middelsee . De hjoeddeiske Lykfeart soe noch in oerbliuwsel weze kinne fan dat rivierke. Ut Goaiingaryp wei rint de Lykfeart nei Ballingboer en giet der oer yn de Jousterfeart . Dat wie eartiids in drok befearn wetter nei Snits ta. De grins tusken Goaiingaryp en Terkaple hat altyd de alde Slachtedyk west dy't om it jier 1000 oanlein is. De alde Slachtedyk wie ek de grins tusken de gemeentes Doanjewerstal en Utingeradiel . Oft de Slachte oanlein is op de grins fan de gemeenten, of dat de grins lutsen is oer de alde Slachte is net bekend. Sa’n grins waard “Skien” of “Skeen” neamd en soms ek wol “Scheen”. It soe wolris in ferkoarting weze kine fan “skieding”. Yn de benefysjaalboeken is sprake fan doorgaande landen, terp ende huijssteedt streckende van die scheenswal op die pollenswal . Lan dus tusken skien en poel. Inkele boeren hienen ek lan op de Lytse Griene en de Grutte Griene yn de Snitser Mar , rjocht foar harren perselen oer op de feste wal. Yn alde geskriften wurdt ek sprutsen oer “poelenswal” en “meerswal”, dus lan dat grinze oan de poel of oan de mar. De bewenning run eartiids fierder noardwerts troch, want oant hast by de Hearresyl binne yn de grun spoaren fan bebouwing fun. Folle aldere spoaren binne oantroffen yn de Goaiingarypster Puollen , under oare stiennen ark dat datearre is op sawat 5000 foar Kristus. Der wurdt ek sprutsen oer in kleaster oan de noardkant fan it doarp, mar dudlike bewizen hjirfoar binne der net. Der is allinnich de namme “Kleasterwei”. At dat der al stien hat dan sil it in kleaster yn de buert west hawwe. Oer in selsstannich kleaster yn Goaiingarijp is neat bekend.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 2014 makke Goaiingaryp diel ut fan de eardere gemeente Skarsterlan .

Mienskip [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Feriening foar Pleatslik Belang waard yn 1917 oprjochte en komt foar de belangen op fan it doarp.

Befolkingsferrin [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 1999 2004 2013 2021
Ynwenners 86 156 144 127 123 108 247 227 255 250

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013 en 2020: Alle Cijfers .)

Tsjerke [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Skoalle [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Iepenbiere basisskoalle 'It Sluske'.

Berne yn Goaiingaryp [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It besjen wurdich [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ien fan de meast kenmerkende eigenskippen fan Goaiingaryp is noch altyd syn prachtige lizzing oan de Goaiingarypster Puollen , in sydmarke fan de Snitser Mar . By it sluske fan Goaiingaryp leit in wettersportrestaurant. Fierders is der noch in lytse jachthaven , in boateferhierbedriuw en de sylskoalle "It Garyp".

De tsjerke stiet yn 'e midden fan it doarp. De bou fan de hjoeddeiske tsjerke sette ut ein yn 1770 . Boppe de yngong stiet op in wapenstien de namme oanjun fan jonkhear Johan Vegelin fan Claerbergen , grytman fan Doanjewerstal. Syn finansjele stipe makke it mooglik dat de tsjerke boud waard. Njonken de tsjerke stiet in klokkestoel .

Oan de noardeastkant fan it doarp stiet sunt 2007 in restaurearre Amerikaanske wynmotor .

Sunt 2002 sit yn Ballingboer (dit is in streekje dat by Goaiingaryp heart) It Skyldhus . Dit opfangsintrum foar skyldpodden , reptilen en wat lytsfee hat as doel it optimalisearjen fan de omstandichheden foar, foaral, skyldpodden by partikulieren. Ek wol men foarkomme dat de bisten "dumpt" wurde.

Strjitten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wynmune
  • Ballingboer : namme komt fan 'balling', in ofsniene bosk reid, der sil in soad reid groeid hawwe..
  • It Hof: Dyk om it tsjerkhof.
  • It Nije Hof: In nije wei by It Hof
  • It Set: in set is in ienfaldich brechje werfan it middenstik oan de kant skood wurde kin om skippen troch te litten
  • It String: lange stripe butlan
  • Kleasterwei: neffens oerlevering hat hjir in kleaster of uthof fan in kleaster stien

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
>

De Fryske Marren
Sted :
Sleat
Doarpen en utbuorrens :
Aldegea ? Aldehaske ? Aldemardum ? Alde Ouwer ? Bakhuzen ? Balk ? Bantegea ? Boarnsweach ? De Broek ? Diken ? Dolsterhuzen ? Dunegea ? Eagmaryp ? Ealahuzen ? Eastersee ? Follegea ? Goaiingaryp ? Harich ? Haskerhoarne ? Ychten ? Ychtenbrege ? De Jouwer ? Jiskenhuzen ? Jistergea ? Kolderwalde ? Langwar ? Legemar ? De Lemmer ? Murns ? Nijehaske ? Nijemardum ? Ousterhaule ? Ousternijegea ? Reahel ? Riis ? Rotstergaast ? Rotsterhaule ? Rottum ? Rugehuzen ? Skarsterbrege ? Sint-Jansgea ? Sint-Nyk ? Sniksweach ? Sondel ? Terherne ? Terkaple ? Teroele ? Tsjerkgaast ? Vegelinsoard ? Wikel
Buorskippen :
Ballingboer ? De Bargebek ? De Bels ? Brekkenpolder ? Delbuorren ? Finkebuorren ? Finkebuorren (Gaasterlan) ? Fjouwerhus ? Frisbuorren ? Heaburgen ? De Heide ? Husterheide ? De Kommisjepole ? Nij Amearika ? De Noed ? De Rylst ? Sanbuert ? Skoattersyl (foar in part) ? Skou ? Spannenburch ? Teakesyl ? Tropherne ? Twahus ? Unlan ? Westein ? Westerein Harich
wizigje