Glenda May Jackson
OBE
(
Birkenhead
,
9 maaie
1936
?
Londen
,
15 juny
2023
) wie in
Ingelsk
aktrise
en
politika
.
Jackson begun as aktrise op it toaniel en wie as sadanich fan
1964
of fjouwer jier lang ferbun oan de Royal Shakespeare Company. Yn
1963
makke se har filmdebut yn
This Sporting Life
. Se bruts troch mei har rol yn de ferfilming fan
D.H. Lawrence
syn
Women in Love
(
1969
), der't se in
Oscar
foar wun.
Yn
1992
beeinige Jackson har filmkarriere, omdat se keazen waard as parlemintslid foar
Labour
. Fan
1997
-
1999
wie se underminister fan Transport en se hat ek noch besocht om boargemaster fan
Londen
te wurden.
Nei de ein fan har politike karriere yn
2015
kaam se werom nei it toaniel. Yn
2018
wun sy in
Tony Award
foar har rol yn
Edward Albee
's
Three Tall Women
. Dermei waard sy ien fan de pear akteurs dy't in
Triple Crown of Acting
beset hawwe troch it winnen fan sawol in Oscar, in
Emmy
en in Tony.
Yn 2019 spile se de haadrol yn de Britske telefyzjefilm
Elisabeth is missing
, weryn 't de tachtichjierrige en deminte Maud op syk giet nei har ferdwune beste freondinne Elisabeth.
Glenda Jackson ferstoar op 15 juny 2023, yn 'e aldens fan 87 jier, nei in koart siikbed.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|