Gießen

Ut Wikipedy
Gießen
Bahnhofstraße
Bahnhofstraße
Emblemen
               
Polityk
Lan Dutslan
dielsteat Hessen
Regierungsbezirk Gießen
Stedsyndieling 6 stedsdielen
Sifers
Ynwennertal 91.255 (2021)
Oerflak 72,61 km²
Befolkingsticht. 1.257 ynw./km²
Hichte 159 m.
Oar
Postkoade 35390, 35392, 35394, 35396, 35398
Koordinaten 50° 35' N 8° 40' E
Offisjele webside
giessen.de
Kaart
Gießen (Hessen)
Gießen

Gießen is in sted yn de Dutske dielsteat Hessen . De universiteitssted is it bestjoerlike sintrum fan it Regierungsbezirk Gießen en de lankring Gießen.

Mei de tsien kilometer westlik lizzende sted Wetzlar yn de Lahn-Dill-Kreis foarmet de sted in stedekloft mei likernoch 200.000 ynwenners.

Mei in universiteit en ferskillende hegeskoallen telt de sted in soad studinten.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wilhelm von Gleiberg stifte yn 1152 in wetterkastiel yn de delte fan de Lahn en ferhuze syn sit fan it kastiel Gleiberg derhinne. Dermei waard de basis foar de lettere sted Gießen lein. It kastiel Gleiberg dat likernoch 8 kilometer noardwestlik fan de hjoeddeiske sted stiet, waard yn de 10 iuw troch de Konradinen stifte en gyng tsjin it ein fan de 10e iuw oer op de Luksemboargers , dy't der it greefskip Gleiberg oan de Lahn stiften. It wetter joech de namme oan de sted, om't it kastiel zu den Giezzen (oan it wetter) boud wie.

De sted yn de 16e iuw

Yn de jierren 1530 waard de sted fersterke mei bolwurken. Op 27 maaie 1560 ferneatige in grutte stedsbran it noardlike diel fan de sted. By in dieling fan it langreefskip waard de sted underdiel fan Hessen-Marburg en sunt 1604 fan Hessen-Darmstadt. Yn 1605 waard yn Gießen it Gymnasium Ludovicianum as latynske skoalle stifte. Op 19 maaie 1607 makke in privileezje fan keizer Rudolf II it stiftsjen fan in universiteit mooglik. Twa jier letter waard de botanyske tun iepene, ien fan de aldsten fan it lan dy't noch op de oarspronklike lokaasje leit. De pest soarge yn de jierren 1634-1635 foar in foarse tebekgong fan it ynwennertal fan de sted.

Gießen en omkriten hiene yn de 18e iuw ferskillende kearen te lijen fan kriichsgeweld en besetting fan frjemde troepen.

Yn 1803 waard Gießen de haadsted fan de nije provinsje Oberhessen yn it Hartochdom Hessen.

Twadde Wraldkriich
It alde Gießen foar de bombardeminten (1920)

Op 2 desimber en yn 'e nacht fan 6 op 7 desimber 1944 bombardearre de Royal Air Force de sted. By it twadde bombardemint waard hast de hiele histoaryske binnensted troch fjoerstoarmen ferneatige. Likernoch 390 minsken ferstoaren en om 30.000 minsken hinne waarden dakleas makke. It stasjon, it spoar en de militere ynstellings fan de sted bleaune derfoaroer foar it meast yntakt.

It hie lykwols foar Gießen noch slimmer utpakke kinnen: in diel fan de bommen fan it twadde bombardemint waarden boppe it Bergwerkswald smiten. In soad fan de kringfoarmige puollen der binne bommekraters.

Op 11 desimber 1944 smieten 353 B-17-bommesmiters fan de United States Army Air Forces by in sletten wolkedek 731 ton eksplosiven en 1116 tonnen branbommen of. In soad minsken ferstoaren yn de moannen dernei troch oanfallen fan leechfleanende jagers. Op 28 maart makke de yntocht fan Amerikaanske troepen foar de ynwenners in ein oan de kriich. De sted wie foar twatredde weifage, de binnensted wie foar 90% ferneatige.

Nei de kriich

Nei de kriich fun de weropbou plak. Alde perselen yn de binnensted waarden ta gruttere ienheden gearfoege, stritten en pleinen waarden ferbrede en de pubikle romtes waard oanpast foar it drokker wurdende ferkear. Ruines waarden ofbrutsen, mar ek gebouwen dy't yn alle gefallen noch foar weropbou yn 'e beneaming kamen, lykas it 500 jier alde riedshus, waarden sloopt en ferfongen troch moderne bou. In tal gebouwen ut dy tiid, lykas de heechbou oan de Berliner Platz en it kongresgebou, binne yntusken al wer ofbrutsen. Sa ek it yn 1961 boude en yn 2006 ofbrutsen stedhus.

Gießen hie nei de kriich in Amerikaanske basis. It 'US-Depot Gießen' en de lokaasje 'Army & Air Force Exchange Service' (AAFES) hiene in wichtige funksje foar de befoarrieding fan it Amerikaanske leger yn Europa. Doe't der in ein oan de Kalde Kriich kaam, waarden de Amerikaanske militere aktiviteiten yn fazes ofboud en yn septimber 2007 waard it depot hielendal sluten. De Amerikanen hawwe lykwols noch jimmeroan in militer oefenterrein op de Hohe Warte.

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Gießen leit oan de Lahn op it plak der't de rin fan de rivier feroaret fan sudlike yn westlike rjochting. Om de sted hinne lizze trije middelberchtmes: it Westerwald yn it west, de Taunus yn it sudwest en eastlik derfan de Vogelsberg . Allinne nei it suden ta iepenet it lanskip him nei de flakte.

Stedsyndieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De oarspronklike sted foarmet mei in oerflak fan om en de by 40 km² en likernoch 65.000 ynwenners de kearnsted. Dernjonken hearre der noch fiif stedsdielen as Ortsbezirke by it stedsgebiet. Yn 1939 waarden Wieseck yn it noardeasten en Kleinlinden yn it sudwesten by de sted yndield. De stedsdielen Allendorf an der Lahn yn it sudwesten en Rodgen yn it easten folgen yn 1971 en yn 1979 waard ek Lutzellinden yn it sudwesten by Gießen foege.

Nr. Stedsdiel Ynwennertal op 30 desimber 2019 [1] Kaart
01 Binnensted 20.886
02 Noard 10.301
03 East 17.199
04 Sud 10.288
05 West 8.468
06 Wieseck 10.071
07 Rodgen 1.916
08 Schiffenberg 588
09 Kleinlinden 4.805
10 Allendorf 2.09
11 Lutzellinden 2.506
Meiinoar Gießen 89.117

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: [1] .