Germanikus

Ut Wikipedy
In buste fan Germanikus ( Palazzo Massimo alle Terme , earste helte earste iuw n.Kr.).

Germanikus , folut Germanikus Julius Caesar ( 15 f.Kr. - 19 n.Kr. ) wie in soan fan Nearo Klaudius Drusus en Antonia. Hy wie de aldere broer fan de lettere keizer Klaudius , in beppesizzer fan Livia , adoptyf-pakesizzer fan keizer Augustus en adoptyf-soan fan keizer Tibearius . Hy wie ien fan Rome's beste generaals, en heart thus yn de rige Skipio , Marius , Sulla en Julius Agrikola .

Libben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Germanikus is foaral bekend wurden as in kundige kriichshear en in bysunder populer politikus yn de tiid dat Tibearius keizer wie fan it Romeinske ryk . Oan him hawwe de Romeinen te tanken dat der nei it ferlies fan Farus yn it Teutoburger Wald wer oarder en rest weromkearde oan de grins mei Germaanje . Hy focht mei sukses tsjin de Sjatten en Sjerusken oant en mei de Noardseekust.

Fan syn omke Tibearius mocht er nei de oerwinning in triomftocht halde yn Rome mar dizze wie wol fan betinken dat syn miich fanwege de grutte populerens in gefaarlike rivaal wurde koe. Derom stjoerde hy him fuort nei Syrje yn 17 . Germanikus rekke der belutsen by in skeel mei de pleatslik guverneur Piso. Yn 19 kaam hy ynienen te ferstjerren, wierskynlik troch fergiftiging troch tadwaan fan Piso. Tibearius ferlear dermei net allinne in rivaal mar ek ien fan syn beste generaals en in mooglike opfolger.

Germanikus wie troud mei Agrippina mei wa't hy 9 bern krige. Syn beide aldste soannen, Nearo Caesar en Drusus Caesar, waarden letter op befel fan Tibearius fermoarde. Syn jongste soan Gaius soe uteinlik wol keizer Kaligula wurde. En in dochter fan him, dy't ek Agrippina hiet, waard de mem fan de neikommende keizer Nearo .

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarne [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]