Germaanske talen

Ut Wikipedy
Germaanske talen
algemien
lokaasje fan oarsprong yn Noardwest - en
Midden-Jeropa en Skandinaavje
tal talen ±27
tal sprekkers >550 miljoen (2004)
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
   ● Germaansk
subgroepen Eastgermaansk
Noardgermaansk
Westgermaansk
taalkoades
ISO 639-5 gem
ISO 639-6 grmc

De Germaanske talen foarmje in taalfamylje , besteande ut sa'n 27 libbene en teminsten 12 utstoarne talen , dy't allegear fuortkommen binne ut it Proto-Germaansk . Se meitsje underdiel ut fan 'e gruttere Yndo-Jeropeeske taalfamylje , en wurde fan alds sprutsen yn Noardwest - en Midden-Jeropa en Skandinaavje . Troch migraasje en kolonisaasje hawwe ferskate talen ut dizze groep (benammen it Ingelsk en it Nederlansk , en yn mindere mjitte it Dutsk ) har nei oare dielen fan 'e wrald ferspraat. De Germaanske talen binne under te ferdielen yn trije subgroepen: de Westgermaanske talen , de Noardgermaanske talen en de utstoarne Eastgermaanske talen . Se wurde tsjintwurdich wraldwiid as memmetaal sprutsen troch mear as 550 miljoen minsken. De grutste Germaanske talen binne it Ingelsk en it Dutsk .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Oergermaanske tiidrek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De oarspronklike taal der't alle Germaanske talen (en utslutend de Germaanske talen) op weromgeane, wie de saneamde Germaanske gruntaal, dy't ek wol it Proto-Germaansk neamd wurdt. Neffens de hjoeddeistige ynsichten fan 'e taalkunde kin dy taal opdield wurde yn twa stadia: it Oergermaansk , dat yn in iere perioade sprutsen waard, en it Miengermaansk , der't it Oergermaansk him letter ta untjoech. (It komt trouwens gauris foar, benammen yn stikken dy't net troch taalkundigen skreaun binne, dat der terminologysk gjin underskie tusken dy beide tiidrekken makke wurdt, en dat it hiele Proto-Germaansk dan foar "Oergermaansk" trochgiet.)

De lokaasje fan 'e Germaanske taalfamylje yn Jeropa .

Mei't der ut dy tiid gjin skriftlike boarnen oerlevere binne, is it tige dreech en sis persiis wannear't it Oergermaansk him ut it Proto-Yndo-Jeropeesk unwikkele hat. Dudlik is yn elts gefal wol dat dat fier foar it begjin fan 'e Westerske jiertelling west hawwe moat, mooglik earne yn it twadde milennium f.Kr.

Der binne trije wichtige punten der't it Oergermaansk him op underskiedt fan it Proto-Yndo-Jeropeesk. Yn it foarste plak wie der de saneamde Earste of Germaanske Klankferskowing (ta underskie fan 'e Twadde of Heechdutske Klankferskowing ), ek wol bekend as de Wet fan Grimm . Ferlykje yn dit ferban bgl. it Latynske pater ("heit"), tu ("do"), decem ("tsien") en clepo ("ik stel"), dat de sitewaasje werjout sa't dy yn it Proto-Yndo-Jeropeesk wie, mei it Goatyske fadar , þu , taihun en hlifa (mei deselde betsjutting). Ek untwikkele it Oergermaansk in sterke en in swakke foarm by yn prinsipe elts eigenskipswurd , wylst it Proto-Yndo-Jeropeesk dy net hie. En fierders untjoech it by in part fan 'e tiidwurden in mei in dintale suffiks (in efterheaksel mei in t of d) foarme swakke buging om notiid en doetiid faninoar te underskieden (dus bgl. "mean" ? "meande" yn tsjinstelling ta aldere foarmen lykas "rin" ? "run").

It Miengermaanske tiidrek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Men wit net krekt wannear't de oergong fan it Oergermaansk nei it Miengermaansk plakfun hat, mar men nimt oan dat it yn 'e leste iuwen f.Kr. wie. Ek it Miengermaansk is net oerlevere ? utsein as losse wurden of nammen. Derom wurdt it, krekt as it Oergermaansk, troch taalkundigen rekonstruearre op grun fan undersyk fan 'e underskate Germaanske talen.

It wichtichste ferskil tusken it Oergermaansk en it Miengermaansk wie de klam (yn 'e taalkunde ornaris it wurdaksint neamd). It Oergermaansk hie noch de fan it Proto-Yndo-Jeropeesk meikrigen "frije klam", dy't wiksele neffens beskate regels, mar net in fest plak yn in wurd hie; ferlykje bgl. it Grykske tr?peza ("trep") en trap?zion ("trepke"), dat de frije klam beholden hat. Yn it Miengermaansk wie dy frije klam feroare yn in feste klam op it earste wurdlid, it saneamde inisjaalaksint, sa't bgl. te sjen is oan it Nederlanske bl?d , bl?den , bl?deren , bl??dje .

De fersprieding fan 'e underskate Germaanske talen yn Jeropa .

Yn tsjinstelling ta de Oergermaanske perioade duorre it tiidrek fan it Miengermaansk relatyf koart, nammentlik oant likernoch de earste iuw nei Kristus, doe't de Eastgermanen weiteagen ut harren stamlannen yn sudlik en eastlik Skandinaavje .

Oerlevering [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De aldst bekende Germaanske ynskripsje is dy op 'e Helm fan Negau , mooglik ut de twadde iuw f.Kr. De helm waard yn 1812 fun by Negau , yn Eastenryk . Yn in noardlik Etruskysk skrift is derop skreaun: hargasti teiwa (oer de betsjutting derfan bestiet nochal wat unienichheid). Fierders binne oant de earste iuw nei Kristus allinne mar nammen en losse wurden oerlevere, en dat noch inkeld troch Romeinske skriuwers , lykas Tasitus en Julius Caesar .

Ut lettere tiid binne Germaanske ynskripsjes bewarre bleaun yn it runeskrift , in alfabetysk skrift dat untstien liket te wezen yn 'e earste helte fan 'e earste iuw nei Kristus, mar dat fanof de komst fan it kristendom ferfongen waard troch it Latynske alfabet . Lykwols, Germaanske talen hawwe ornaris mear klanken as it Latyn , dat de underskate Germaanske talen hawwe oan it Latynske standertalfabet in ferskaat fan oare letters en diakrityske tekens tafoege: a, a, a, a, æ, ð (de stimhawwende th), e, e, i, i, y, o, o, o, o, ø, þ (de stimleaze th), u, u.

Troch de fragmintaryske oerlevering is de feststelling fan 'e underlinge relaasje fan 'e trije Germaanske taalkloften foar in grut part in hypotetyske saak. Ek binne guon ier utstoarne Germaanske talen, lykas it Longobardysk , dreech te klassifisearjen by ien fan 'e taalkloften.

De earste langere Germaanske tekst dy't oerlevere is, is de Goatyske Bibeloersetting fan biskop Wulfila (of Ulfilas), ut 'e fjirde iuw . De earste teksten yn it Aldingelsk en it Aldheechdutsk binne ut de achtste iuw , wylst it Aldsaksysk fan 'e njoggende iuw of oerlevere is (utsein in doopbelidenis ut 'e achtste iuw). De earste teksten yn it Aldyslansk en it Aldnoarsk datearje ut 'e tolfde iuw .

Untwikkeling fan 'e Germaanske taalkloften [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Tradisjoneel waard foarhinne under taalkundigen de teory oanhongen dat de earste spjalting yn it Germaansk dy tusken it Westgermaansk en it saneamde Goato-Noardsk (it Noard - en Eastgermaansk ) wie. It fuorttsjen fan 'e Goaten en de oare Eastgermaanske folken ut harren stamlannen yn sudlik Skandinaavje soe dan letter de spjalting tusken it Noard- en Eastgermaansk feroarsake hawwe. Tsjintwurdich wurdt it lykwols as in stik wierskynliker beskoge, dat der nei it fuorttsjen fan 'e Eastgermanen noch in hoart in Noard- en Westgermaanske ienheidstaal bestien hat, mooglik oant yn 'e fyfde iuw .

In skematyske werjefte fan 'e opbou fan 'e Germaanske taalfamylje.

Dy leste teory wurdt underboud troch de bekende runeynskripsje op 'e Gouden Hoarn B fan Gallehus , yn sudlik Jutlan , dy't datearret ut 'e iere fyfde iuw . Op 'e hoarn stiet: " ek hlewagasti? holtija? horna tawido " (de letter ? stiet derby foar de breikjende r ). Dizze tekst soe betsjutte kinne: "Ik, Hlewagasti?, soan fan Holt, haw de hoarn makke" (ferlykje tawid(o) mei it Nederlanske (vol)tooid ) of: "Ik, Hlewagasti?, soan fan Holt, haw de hoarn fersierd" (ferlykje tawid(o) mei it Nederlanske (ge)tooid ). De foarmen dy't hjir brukt binne, slute Noardgermaansk noch Westgermaansk ut (al wiist de foarm fan 'e h-rune op it Noardgermaansk), mar Eastgermaansk kin it dudlik net weze. Yn it Goatysk fan dy tiid soe de tekst west hawwe: " ik hliugasts hulteis haurn tawida ".

Taalkloften en talen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Taalferliking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ferlykje yn 'e understeande tabel de telwurden fan ien oant en mei tsien yn 'e werjune Germaanske talen.

taal 1 2 3 4 5 6 7 8 9 10
Ingelsk one two three four five six seven eight nine ten
Skotsk ane
yae
twa thrie fower five sax
sex
seiven aicht
aucht
nyne
neen
ten
Frysk ien twa trije fjouwer fiif seis san acht njoggen tsien
Sealterfrysk aan twai
twain
twoo
trai fjauwer fieuw saks soogen oachte njugen tjoon
Noardfrysk (Mooring) iinj
an
tou
tuu
trii
tra
fjouer fiiw seeks soowen oocht nuugen tiin
Nederdutsk (Westfaalsk) eein twei drai veier fief soss siewen acht niegen tein
Nederlansk een twee drie vier vijf zes zeven acht negen tien
Afrikaansk een twee drie vier vyf ses sewe agt nege tien
Siuwsk eene tweee driee viere vuve zesse zeuvene achte negene tiene
Limboarchsk ein twiee drei veer vief zes zeve ach neuge tieen
Luksemboarchsk een zwei drai fier fonnef sechs siwwe aachte neng zeng
Dutsk eins zwei drei vier funf sechs sieben acht neun zehn
Jiddysk eyns tsvey dray fir finf zeks zieben akht nayn tsen
Pennsylvaansk ( Amish ) eens zwee drei viere fimfe sexe siwwe achte neine zehe
Switserdutsk (Bernsk) oins zwoi droi vier fuuf ssechs ssiem acht nun zah
Sweedsk en tva tre fyra fem sex sju atta nio tio
Elfdelstersk ien tuer trair fiuorer fem sjaks sju atta niu tiu
Deensk en to tre fire fem seks syv otte ni ti
Skansk ein tvao tre fira fem sax
sajs
sjuu
sjuu
ata nie tie
Noarsk ( Bokmal ) en to tre fire fem seks syv atte ni ti
Noarsk ( Nynorsk ) ein tvo tri fjore fem sex sjau
sju
atte nie
nio
tie
tio
Jamtsk ein tvo tri fyr'
fyre
fæmm sæks sju att'
atte
ni'
nie
ti'
tie
Fereusk ein tveir triggir fyra fimm seks sjey atta niggju tiggju
Yslansk einn tveir þrir fjorir fimm sex sjo atta niu tiu
Goatysk ains twai þreis fidwor fimf saihs sibun ahtau niun taihun

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, David , The Penguin Dictionary of Language (Second Edition) , Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163 .
  • ――, Grote Winkler-Prins Encyclopedie , Amsterdam/Antwerpen, 1979-1994.
  • Hofstra, T. , Oudnoors I , Grins, 1996.
  • Jung, Ernst F. , De Germanen , Baarn, 1993 (Tirion), ISBN 9 05 12 14 405 .
  • Nieuwenhuijsen, P.M. , Het Verschijnsel Taal , Bussum, 1995 (Coutinho), ISBN 9 06 28 39 894 .

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch under: Footnotes , Notes en References , op dizze side .