Gerhardus Jan Adema
(
Frjentsjer
,
26 desimber
1898
-
Ljouwert
,
15 desimber
1981
) wie in
Fryske
keunstner.
[1]
Adema wie
husskilder
yn
Huzum
, as keunstner wie er
autodidakt
. Yn de
Ljouwerter Krante
advertearre hy yn 1938 as "
Schildersbedrijf G.J. Adema annex beeldhouwer, portret- en reclameschilder
".
[2]
Hy wie lid fan it Boun fan Fryske Keunstners.
De skilder Adema hie fral it hynder as underwerp; hy eksposeare jierliks by it
concours hippique
in Ljouwert. As byldhouwer makke er meardere brunzen portretten. Hy wie teffens medaljeur en restaurateur fan skilderijen. Syn bekendste wurk is sunder mis syn byld fan de Fryske stamboekko (1954), dat al fluch de bynamme
Us Mem
krigen hat.
Adema is ferstoarn yn it Ljouwerter
Sint Bonifatius Hospitaal
, twa wiken foar syn 83e jierdei.
Us Mem
yn Ljouwert
Damwald
Boalsert
Dronryp
Frjentsjer
Ljouwert
- Us Mem
(1954)
- jongeling ambachtsskoalle.
Oentsjerk
Penjum
-
Fransiskus van Assisy
-
Eise Eisinga
-
Gysbert Japiks
- ↑
Ryksburo foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje
- ↑
Ljouwerter Krante
, 21 maart 1938