Gerbrich van Dekken

Ut Wikipedy
Gerbrich van Dekken
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysunderheden
echte namme Gerbrich van Dekken
nasjonaliteit Nederlansk
berne 1980
berteplak Eastermar ( Fryslan )
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjenre country
sjongtaal Frysk
ynstrumint gitaar
grutste hit(s) Mear as in Freon
Dimjen fan de Dei
jierren aktyf ± 2000 ? no
offisjele webside
www.gerbrichvandekken.nl

Gerbrich van Dekken ( Eastermar , 1980 ) is in Frysk sjongster dy't hikke en tein is yn Eastermar . Neffens harsels wie se hielendal net fan doel om in sjongkarriere te begjinnen (se woe inkeld thus ut leafhawwerij wat sjonge en gitaarspylje), en is se der troch omstannichheden yn rugele. Se sette utein mei in repertwaar fan Ingelsktalige country , en hie der net in geweldich soad sukses mei. Yn 2005 mette hja sjonger Gurbe Douwstra , dy't min ofte mear har mentor waard. Hy sette foar har it numer A Living Prayer , fan 'e Amerikaanske countrysjongster Alison Krauss yn it Frysk oer, as Mear as in Freon . De registraasje derfan, yn 2007 , wie sunt geregeldwei te beharkjen en besjen op 'e radio en tillefyzje fan Omrop Fryslan , en makket stiiffest diel ut fan 'e Fryske Top 100 .

Yn 2008 koe Van Dekken op it leste nipperke noch meidwaan oan it projekt De Partisanen ? Cohen yn it Frysk , as underdiel werfan't se Hey, That's No Way to Say Goodbye fan Leonard Cohen yn it Frysk fertolke as Ik Wol Dy op Sa'n Dei Noch Net by My Wei . It projekt wie in geweldich sukses, en mei de folsleine sjongersploech stie Van Dekken yn 2009 trijeris foar de utferkochte grutte seal fan teater De Lawei yn Drachten .

Yn juny 2011 kaam Van Dekken har earste cd, Bubbels , ut, mei derop Mear as in Freon en tsien oare numers, werunder in pear duetten mei Gurbe Douwstra. It is allegear sunder mear countrymuzyk; der binne restige numers, lykas Dimjen fan de Dei en Myn Thus , mar ek in stikmannich numers dy't ta de bluegrass , de fluch geande countrymuzyk fan Kentucky , hearre: Bubbels , Nei Wytse ta en It Sil Oait Wol Wer Better Gean . It liet In part fan dy , dat se song mei Marcel Smit , stie fan 2013 oant 2017 yn de Top 10 fan de Fryske Top 100.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]