In
gemyske reaksje
is in proses der't bepaalde ferbiningen (atomen of molekulen) by fia net-fysyske wei omsetten wurde yn oare ferbiningen troch it foarmjen dan wol brekken fan
gemyske biningen
. Mei net-fysyske wei wurdt bedoeld dat de gemyske identiteit fan de ferbiningen ferlern giet. By in fysyske omsetting, lykas
ranen
of
ferdampe
, is dat net sa. Derby wurde allinnich
yntermolekulere kreften
ferbrutsen of foarme.
De reagearjende dieltsjes wurde
reagintsia
of reaktanten neamd. De ferbiningen dy't troch in gemysk proses foarme wurde, wurde de
reaksjeprodukten
neamd.
In foarbyld is de ferbaarning fan
metaan
:
By dy reaksje wurde de gemyske ferbiningen tusken de atomen yn metaan en de gemyske biningen tusken de atomen yn
soerstof
ferbrutsen en twa nije gemyske ferbiningen (
koalstofdiokside
en
wetter
) makke mei dy atomen.