한국   대만   중국   일본 
Gay & Lesbian Alliance Against Defamation - Wikipedy Springe nei ynhald

Gay & Lesbian Alliance Against Defamation

Ut Wikipedy
Gay & Lesbian Alliance Against Defamation
algemiene ynformaasje
ofkoarting GLAAD
nasjonaliteit Amerikaansk
type org. feriening
wurkmed tsjingean fan homofoby yn de
   Amerikaanske media
haadkertier New York ( New York ) /
Los Angeles ( Kalifornje )
oprjochte 1985
oprjochter Vito Russo
Jewelle Gomez
Lauren Hinds
tal leden >15.000
offisjele webside
www.glaad.org

De Gay & Lesbian Alliance Against Defamation ("Homoseksuele & Lesbyske Alliansje Tsjin Kwealaster"), of GLAAD , is in Amerikaanske homorjochte -feriening dy't yn 1985 oprjochte waard troch Vito Russo , Jewelle Gomez en Lauren Hinds . De organisaasje hat mear as 15.000 leden, en twa haadkertieren, ien oan 'e Amerikaanske eastkust, yn New York , en ien oan 'e Amerikaanske westkust, yn Los Angeles .

GLAAD leit him derop ta om 'e Amerikaanske media yn 'e rekken te halden, mei as doel om homofoby en oare foarmen fan diskriminaasje tsjin homo's en lesbiennes , biseksuelen en transseksuelen tsjin te gean. Teffens wol de organisaasje wjerssidich begryp tusken de homo-, bi- en transmienskip en heteroseksuele Amerikanen oanmoedigje en stribje nei folsleine lykberjochtiging foar seksuele minderheden. Dernjonken understipet GLAAD mei syn mediaprogramma lytse pleatslike homo-organisaasjes om effektyf mei de butenwrald te kommunisearjen. Jierliks rikt GLAAD de GLAAD Media Awards ut oan media-organisaasjes en film -, tillefyzje - en toanielprodusinten dy't yn har wurk de homo-, bi- en transmienskip earlik en oprjocht represintearre hawwe.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References en Further reading , op dizze side .