한국   대만   중국   일본 
Gamaven - Wikipedy Springe nei ynhald

Gamaven

Ut Wikipedy
Germaanske folken 2e iuw

De Gamaven ( Nederlansk : Chamaven ) wiene in Germaansk folk; se wurde letter ta it stamferban fan de Franken rekkene. It gebiet dat sy bewenne hawwe lei oan de rjochter igge fan de Ryn , beeasten dat fan de Friezen , wat tsjintwurdich de Efterhoeke en it distrikt Greefskip Bentheim yn Nedersaksen is. Harren namme libbet fierder in de krite fan Hamalan , tusken de Neder-Ryn en de Isel .

De Romeinske Peutinger-kaart hat benoarden de Ryn in ynskrift: Hamavi que et Franci ; dat betsjut 'de Gamaven dy't ek Franken neamd wurde'.

Neffens Tacitus wenje se eastlik fan de Friezen, [1] yn it gebiet dat letter Hamalan kaam te hjitten. De Bruktearen , in oar Frankysk folk dat der earder wenne hat, is troch de Gamaven wierskynlik nei it suden ta ferdreaun. Hamalan is it lan fan de Hamaven. It leit yn it tsjintwurdige Oerisel . Wierskynlik kamen de Gamaven ut it noarden (de measte Germaanske stammen gongen fan noard nei sud). Se hawwe sadwaande de steden Hamm en Hamburch efterlitten.

De Gamaven wurde yn de Notitia Dignitatum fernijd as in Romeinske legerienheid.

Fuotnoat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  1. Publius Cornelius Tacitus , De origine et situ Germanorum , Boek 34.
Germaanske folken feroarje
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Sueven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen