한국   대만   중국   일본 
Gale Hamkes - Wikipedy Springe nei ynhald

Gale Hamkes

Ut Wikipedy

Gale Hamkes wie kommandeur op de walfiskfarder ‘de Oranjeboom’ ut Harns . Hy skynt yn Starum wenne te hawwen, hy wurdt yn 1663 neamd by de froedskipsleden . Syn foaralden wennen nei alle gedachten op Galamastins by Riis ( Bakhuzen ). Yn dat gefal soed er ta it alde geslacht fan de Galama's heard hawwe.

Op 24 maaie 1639 rede hy op 78° N.B., by Spitsbergen , de 20 oerbleaune manskippen (fan de 86) fan de ferungelokke Hoarnske walfiskfarder ‘Spitsbergen’ fan kommandeur Dirck Albertsz. Raven . Yn 1648 waard hjiroer in ferhaal utjun.

Yn 1670 untdiek er op 74° in letter nei him neamde baai oan de eastkust fan Grienlan .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • S. Haagsma - Eenige bladz. uit Friesland's zeegeschiedenis in Vrije Fries XVIII (1894) 302 vlg.; Tiele, Ned. Bibl. v.L. en V. (Amsterdam, 1884) 40 vlg.
  • Gale Hamkes yn it NNBW